Kreatyf
“Froulju,” seit de foarsitster; “wy hawwe gjin jild mear foar in sprekker. Wy sille it winterprogramma sels ynfulle moatte.”
It is de jierlikse gearkomste fan in ploech froulju. Se begjint by de earste en freget; “Wer bisto goed yn?” “Ik soe it nèt witte.” seit se; “Bern krije. Der bin ik altyd goed yn west. Mar dy tiid ha ik hân.“
De twadde is oan bar. “En dò dan?” seit se tsjin in skraal minske. “Behingje kin ik goed. Mar dat sit er hjir noch kreas yn.” en sjocht om har hinne.
De foarsitter giet unfersteurber fierder. De tredde seit; “Ik kin goed mei klaai omgean.“
“Hâld op.” ropt er ien; “Ik kom fan de klaai.”
“Froulju.” seit de foarsitster; “Wêz es kreatyf.“
“Aansichten meitsje!” ropt er ien; “En dan hâlde wy in wedstriid wa`t de moaiste makke hat.“
“Ik kin goed blomskikke.” seit in oar; “Dan wurd it ek noch in learsume jûn.“
As it efkes stil is seit in frommeske skrutel; “Ik kan jullie wel leren schilderen.” “Noait witten,“ seit myn buorfrou; “dat sy dat koe. Hie sto dat achter har socht?”
Dèr achteroan komt in nij lid. Se is hast nèt te ferstean; “Dan leer ik jullie fotograferen.“
Dan bin ik oan bar. Wat moat ik sizze? Ik wit neat en ken neat. “Wylts jimme dwaande binne sil ik dan foarlêze ùt TidenhawweTiden?”
Kreatyf? We hawwe gjin sprekkers mear nedich. It programma is rûn.
Creatief!
Ik zat al op het puntje van mijn stoel te wachten op wat jij zou inbrengen.
Prachtig.
Wat moast ik oars? ik ha in grutte hekel oan kaarten en blomstikken meitsje. Sûnde fan myn tiid.