Loslitte
Chavez, de ferstoane president fan Venezuela, sil balseme wurde. Sa kin hy foar ivich by syn folk bliuwe.
“Ga je even mee?” seit myn buorfrou. Troch dat wy beide de hûnen ùtlitte fertelt se my dat se einlik in bestemming hat foar de jiske fan har ferstoane soan. Se hat op internet in ferneamde glêsblazer untdekke. En sa is hy yn in spesiaal foar him ûntwurpen glêzenfaas kaam.
“Daar is maar èèn van op de hèle wereld.” seit se. Bliid sjocht se my oan.
In oare kennis fan ùs hat de jiske fan har man yn in blau-eftich porsleinen hoane dien. Hy stiet neist har holkessen. “En by it wekker wurden prate wy eefkes. Hoe de nacht west hat.” seit se.
Wer in oare kunde hat de urnen fan har man en skoanâlders op souder stean. Myn bèste freondinne draagt har man yn in gouden hanger om har hals. By Omrop Fryslân wie in keunstskilder dy de jiske fan in dierber persoan troch de ferve mingde.
Der sil yn de rin fan de tiid noch hiel wat ùtfûn wurde om de ferstoarne by ùs te hâlden bin ik bang.
Ùt eigen underfining wit ik dat loslitte it slimste is wat er bestiet …
In wier wurd, loslitte is it swierste…leafdefol betinke (kinne) it moaiste…!