De Lege Knip
‘Ha jo ek kralen?’ freget in man oan it frommiske achter de kassa. ‘Nè’ , seit se, ‘Jo moatte sels mar sneupe.’ Efkes letter stiet er in mem mei in soan foar de toanbank. De jonge wol perfoarst alles wat glès is opkeapje. De mem is er eagenskynlik wat mei oan mar wol gjin heisa en glimket wat. De jonge hâld fol en lit him net omprate. In frommiske ùt in oar lân is dan oan bar, hja hat in pear kopkes en pantsjes yn e hân. Hja wol perfoarst de selde mar dan tolve. Ik stean yn ‘e rigele foar de kassa. Suffert… ik lit de iene nei de oare foar gean.
Ik ha thùs yn de wenkeamer in hoekje foar my sels kreèarre. Siz no earlik: wat is dat nò moai in plakje foar jo sels?
De kompjûter en de printer moast fan boppen nei ûnderen ferhûzje. Myn man skodde al mei de holle; wat fynt se nò wer ùt. Nei in protte gedoch stiet alles sa ik it hawwe wol. Mar yn it hoekje kin noch wol in plat smel kastje stean, dan kin der de printer op. Sa belânne ik yn De Lege Knip. Myn soan woe wol ride ûnder ien betinkst: hy woe net de auto fol mei rimram en tuchguod. Ik tocht, dat falt wol mei as ik him mar ien kear mei ha (ek om de auto fansels)
Mar dan komt de problematyk; ik hâld fan minsken. As ik sa tusken de minsken stean ferjit ik wer ik foar kaam bin en lit de iene nei de oare foar gean. Siz nò sels wat is er nò boeiender dan minsken? Net ien is it selde. Wy hawwe it kastje fûn en it past krekt yn syn auto mar ek yn myn hoekje. Allinne de kompjûter ferekt it mei de printer gear te wurkjen.
Foar dat wy de doar achter ùs ticht lûke sjoch ik noch krekt hoe de man fan de kralen en de man fan de glèzen tegearre stean te praten. Soene hja it oer it glès ha as oer de kralen as oer glèzen kralen?
Ja, mensen zijn veelal boeiend. Zo is het zomers altijd zo lekker om op een terrasje te zitten en naar al het gepeupel te kijken. Gratis entertainment tijdens een kopke kofje 🙂
De Lege Knip is nea om foar te skamjen. Der steane faaks leuke spullen. Ik kom d’r te min.
Moai stikje wer.