Dat ûnthjit ik
“Dat ferklearje en ûnthjit ik.“ klonk it lûd troch de Nieuwe Kerk ûnder de abdicatie fan de nije kening.
Ûnder al dy Earste en Twadde Keamerleden dy de eed as de belofte ôfleinen hearde ik ynienen lûd en kreftich: “Dat ferklearje en ûnthjit ik.”
En dàt wie Lutz Jacobi. Us Fryske politikus sit sûnt 30 novimber 2006 foar de Partij van de Arbeid yn de Twadde Keamer.
“Dat ferklearje en ûnthjit ik.” is oer de hiele wrâld gong. Yn de fierste ùthoeken fan de ierde koene Friezen de belofte hearre yn hja eigen taal. Sels foar de ùtstjoering fan de NOS op de Dam waard it ûnderwurp besprutsen, as soks wol troch de beugel koe.
Mar de âld foarsitter fan de Twadde Keamer Gerdi Verbeet makke dùdlik dat it Frysk in offisjele taal is dy yn de grûnwet ferankere leit.
Wat bin ik grutsk op Lutz dat sy dat oandoare. Wer wiene de oare Fryske keamerleden? Op myn reaksje kaam fuort ynienen antwurd fan Luts Jacobi.
Tanke wol en Fryslân boppe.
Dat ûnthjit ik.
En ik ha wer in frysk wurd by leard. Ha it efkes noch opsocht, ûnthjit ik, ja, beloof ik, indied.
Wy krije ek in nije stafering. Ik skreun noch altyd ‘houn, mar dat sil no offisjeel hûn wurde, tink.
En stafering ek noch efkes opsocht en dat wie dus fout. Myn gefoel sei it al wat. Dat moat mei in v, stavering. 😉
Ik bin er my fan bewust dat ik noch in soart flaters meitsje.Ik kom noch ùt de tiid fan de âlde stavering. Afûk en de fryske bewegings sille wol faak hun wize hollen skozje oer myn skriuwsels.
it giet der foaral om wàt`st skriuwst. om de yntinsje en dan is de stavering der op ta, meastentiid;-))) alhoewol ik wol (wat) een `taalpurist`bin, út en troch.
Mar, ik bin grutsk op Luts!
Groetnis!
Ik moat noch wol’ris in wurdsje opsiikje, soms in hiel simpel wurd as ‘altied. Wie dat no mei in y of ie, soks sawat. Mar ik ha in handig helpke yn’e siidbalk fan myn blog,