Deadebetinkings
Ik bin allinnich en rin lâns de grêven fan minsken dy ik op in inkele nei kint ha.
Hjoed is it 4 meie. Deadebetinking. By ùtstek geskikt om op in tsjerhôf de deaden te betinken, fyn ik.
Hja hawwe ommers allegearre hun libben achter de rech, sommige in lang en sommige in koart libben. Guon minsken mei in besmarge namme wer`t hja bern mei wraksele ha en de bernsbern ek noch hinder fan ha. Stik foar stik lês ik de nammen op. As in film gean al dy doarpsgenoaten oan myn each foarby.
Ik wie in famke fan san tsjien jier âld. Ùs mem ferhelle faaks oer wa ferkeard west hie en net te betrouwen. Wêrom makke dat san yndruk op my? Dochs wit ik net folle mear fan de lêste dagen fan de oarloch. Mar wol fan de befrijingsfeesten; dy hawwe djippe yndruk op my makke.
Sa kom ik oan it ein fan myn pilgrimstocht oer it tsjerkhôf fan myn bertedoarp Âldeboarn.
Ik betink my; wa wie goed en wa ferkeard? Jildt dat ek yn fredestiid en wa sil dat ùtmeitsje?
“Ynkoartens kom ik wer.” ûnthjit ik hun; “Dan ha wy it er noch es oer …“