Rekrùt
Hy hat wer in pear dagen thùs west. It wiene gesellige pinksterdagen, dat moat ik sizze. Hy hat hiel wat putsjes foar ùs dien.
De waskmasjine wie oan it dûnsjen en in skilderij hong bryk. De ferbining fan de koptillefoan siet yn it ferkearde gatsje fan de televyzje. Doe wie myn kompjûter oan bar.
Lykwols mei de frou dy er mei omgiet . “Ik wol wat mear lêzers en folgers ha.” sis ik tsjin him. “Dat leit hielendal oan mem sels. Mem moat mear op Facebook sitte.” seit er.
“Dat doch ik wol mar it binne altyd de selde minsken dy eamelje oer dingen wer`t ik neat mei ha.”
“Mem moat fierder gean op Facebook. Dan kriget mem in hiel soart freonen.”
En sa is hy oeren geduldich dwaande om my weiwiis te meitsjen op it mêd fan de nije tiid. Ik bin noch ùt de tiid fan Aap-Noot-Mies en de wrâldkaart op it skoalboerd en fiel my somstiden as in rekrùt dy op herhelling is.
“Komst gau es wèr?” freegje ik; “It sil nedich wêze by dizze soldaat.“