Debat op 2
Sjoch jimme wol es nei Debat op 2 ? Ik wol. It binne nijsgjirriche underwerpen dy der behânnele wurde. De foar- en de tsjinparty komme beide oan it wurd.
Dizze kear gong it oer heiten as memmen as partners dy dement wurden binne. Ik kin der net goed oer want ik ferpleats my altyd yn dy persoan.
As jo noch by folle ferstân binne dan moat jo al in wilsbeskikking by jo hawwe dat jo lichem nei jo dea net as wol nei de wittenskip giet. Wat hja wolle is dat ik nò by myn goeie ferstân in ding ûndetekenje dat ik eutenasy bedriuwe wol as it mis giet yn myn holle. Ik moat er nèt oan tinke dat myn man as bern fine dat it genoch west is mei my.
Myn mem waard yn har âldens èk demint. Mar wy as bern diene der alles oan om har nei it sin te meitsjen. Mei goeie medikaminten en in protte oandacht hat se it noch hiel wat jierren lokkich libbe.
Dus, sibben; as it sa fier is jouw ik my yn betrouwen oan jimme oer.*
*Mar tefoaren in goed debat fansels want ik wol er by wèze.