Taksyferfier
De taksysjauffeur seit tsjin my dat hy noch nei it sikenhûs moat op bisite. Op myn fraach as it earnstich is skothollet hy. “Myn frou hat M.S. en hat er boarstkanker by krige. Se hat hege koarts in onstekking is er by kaam.” Op myn fraach as hy him wat redde kin seit er; “Ik ha noch in dochter thùs mar dy bern ha ek hun eigen libben.” Ik ha mei de man te dwaan. Hy liket my o sa iensum. “Sterkte”, siz ik. In ôfsage sizwize, ik wit it, mar wat moat ik oars ?
Wy, myn man en ik, ha taksyferfier. In prachtige ùtfining fan doar tot doar. Ùtfûn troch de gemeente wer`t wy wenje. Sa litte wy ùs ride troch ferskate sjaufeurs. Sawol froulju as manlju , jong as âld in dieltiidbaan as fèst yn `t tsjinst. En sa ha ik al hiel wat minsken kinnen leard. En omdat it minske my altiid yn de besnying hâld begjin ik by Dokkum om mei in praatsje. En de measten wurdearje dat; dat der ien is dy`t interesse hat foar hun persoanlik dwaan en litten. Sommige froulju fertelle my dat sy dit baantsje er by doche om de bern studearje te litten. As ik hja letter tref ferteld sy my grutsk dat de soan “cum laude” slagge is. En dan bin ik bliid foar har. Sy hat er hiel wat ritsjes mei de taksy foar oer ha moatten.
Dizze taksy ûndernimmer hat wol oer de hûnderd sjaufeurs. Ik moat noch hiel wat ritsjes meitsje om it minske achter de sjaufeu(r)(se) kinne te learen…
“Wer sille wy moarn hinne?”, freegje ik myn man? Hy sjocht my fremd oan; wol se al wer foart!