Pessimist
“Do stekst de kop yn`t sân.” seit hy. Hy sit nei Hjoed te sjen.
It iene rampberjocht nei de oare wurd de keamer ynslingere. Femylje bedriuwen fan in pear hûnderd jier âld geane op ‘e flesse. Ùs gemeente komt ûnder kuratele fan de provinsje. De gemeentelike lêsten sille heger wurde. En ùs taksje sil net mear ride.
En sa komt alle ellende op è tafel.
“Moast es hearre.” sis ik; “Myn orchideen krije wol trije nije loten.” Fan alles helje ik by de kop om him mar ùt dy delgeande spiraal wei te heljen.
“Do stekst de kop yn `t sân!” ropt er nog es; “Do wost de realiteit net ûnder eagen sjen.“
Ik nim my foar om fan nò ôf oan dôf te wurden en posityf te tinken. It gefjocht tsjin negativisme giet oan. Der sil noch hiel wat wetter troch de rivierbeddings fan Fryslân streame moatte om dit fol te hâlden. Ik nim my foar om stappen te ûndernimmen. It tillevyzje-apparaat op steuring te setten as de stekkers ûnklear te meitsjen.
Mar de man achter dit alles, der sil ik oan wurkje moatte.
Mar diskutabel sil it bliuwe…