Ferhâldings
“Myn soan Eise sil ferbouwe.” seit myn freondinne. “Hat er net krekt in hûs kocht?“ freegje ik.
“Ja mar hy hat er fjouwer bern by krige.”
We sitte oan in bakje kofje yn de tùn. “Hoe nò je?” sis ik.
“Do wist dat Eise skieden is mar no hat er in frou dy èk fan de man ôf is. Syn ex en hy hawwe fjouwer bern en dat frommeske èk yn de selde âldens. Om bar mei se by heit as by mem wêze. Dus nò moat er in grutter hûs komme. Mar ferkeapje dyn hûs mar es yn dizze tiid.“
“Hawwe hja net in grutte souder?” freegje ik.
Yn myn betinken sjoch ik hoe ùs heit der in ledikant by timmere as er wer in bern by kaam. Oan de lofterside fan de souder leine myn twa bruorren en rjochts myn suster en ik. Oan it ein fan de souder stie heit en mem hun bed.
Mar tsjintwurdich moatte se in eigen sliepkeamer ha. Eise hat in hiele grutte aginda op ‘e tafel lizzen en fan dei op dei stiet er optekene wannear hy as sy komme mei. “Myn man en ik kinne er net mear by.“
Wat binne dy ferhâldings hjoeddeis yngewikkeld wurden. As binne wy net mear fan dizze tiid ?
Tryst sjocht se my oan. “As Eise en de bern mar gelokkich binne. Dat is it wichtichste.” seit se mei in sucht.
De bern krije yn in koarte tiid hiel wat foar de kiezzen. Soms in fjochtskieding. Har heit en mem sitte op datingsites. Se gean ferhúzjen of wenjen op twa ferskillende plakken mei soms it ferlies fan de freonen. Soms sjogge se troch de ôfstân in eigen âlder en eigen famylje hast net mear. In ferleafde âlder en in frjemde partner yn hûs dy se moatte akseptearje. Nije rigels en âlde rigels dy ferdwine. Frjemde bern yn hûs. Finansjeel wurde se mei de noas op de feiten drukt. It probleem fan wêr de jierdei en kryst te fieren. En dan moatte… Lês mear »
Ik bin ùt in oare generaasje. Ik wit wol dat in min houlik ek nèt best is. En it is in goed ding as it mooglik is ùt elkoar te gean. Mar hjoededei giet it wol wat te maklik foar sa fier ik it besjen kin. Mar hoe is it dan mei de leafde is dy der dan wol west?
Jo fraach is net maklik. As der gjin leafde yn je sit fan beide kanten, as je net wiis mei elkoar binne giet it net. En soene de bern dan ek tinke: bin ik wol út leafde berne?