Jan
“Buorfrou! ” ropt ien oer it hekje.
Ik sit achterhûs en ha my del jûn mei in tiidskrift. De buorlju om ùs hinne binne mei fekânsje. Ik genietsje fan de stilte om my hinne. Gjin gûlende bern en lûde stimmen fan minsken dy it net iens meielkoar binne.
“Buorfrou!” hear ik noch es roppen; “Meie jo wol kersen?” Ik gean nei him ta. Der stiet er mei in skaaltsje. “Kom mar fierder.” sis ik. “Ja mar past it wol?” seit er skrutel.
Jan is in man dy in eintsje fierder op wennet. Hy is wat in typstra. Hy hat mei alle minsken om him hinne spul. Hy hat as bijnamme; Gekke Jan.
In skofke allyn is syn freondinne foartrûn. Op in sneontemoarn stie in ferhûsauto foar. Jan hie nachttsjinst en hat neat murken. Hja wie in bistefreon en naam al it fè mei. Knienen en wol fyf katten gongen yn de oanhingwein. Yn in oere wie alles beslikke.
Jan kaam thus en hat him yn dagen net sjen litten. Allinne moast de plysje ien kear lâns komme; hy hie de musyk te lûd stean. Yn in momint fan betrouwen ferhellet hy oer syn libben. Hy is iensum, hat net ien freon en de femylje wol ek neat fan him witte.
Wat moat ik derop sizze? “Kom mar gau es dèl,” sis ik tsjin him; “de doar stiet altiid iepen.“
“Wêrom seist dat?” seit myn man; “Aanst hawwe him altiid om ‘e tiennen.“
Wat kin dy man fan my rou wêze. Moast hy es allinnich wêze…
Zo is ‘t maar net. Aardig zijn voor anderen kost niks. Je plaatst altijd mooie foto’s bij je blogs!