Oebele
“Binne jo moarn thus?” freget er; “Ik bin Oebele, de timmerman.”
De huzen yn ùs strjitte sille skildere wurde en no giet hy foar de fervers ùt om de rottiche plakken te reparearjen. Ik hie al in pear kear de hierbaas skille oer de minne steat fan de ferve en ferskate mailtsjes stjûrd. Mar der kaam gjin asem op.
“Earst mar in bakje, net?” sis ik; “Wy moatte dochs witte wat wy oan elkoar hawwe.“
Hy komt ùt Jobbegea. Yn de jûntiden en de wykeinen hat er syn eigen hûs bouwd. “Yn de frije sektor.“ seit er. “Ik koe myn gong gean.”
“Hast it hielendal sèls dien?” freegje ik mei bewûndering.
“Ik ha allinnich in skets meitsje litten. Mear net. Myn freondin en ik hawwe trije jier yn in karavan wenne. Trije kâlde winters ha wy meimakke. Somstiden seach ik it nèt mear sitten. It wie in tè grut karwei foar ien man.“
“Is it moai wurden?” freegje ik nijsgjirrich. Hy rekket er nèt oer ùtpraat.
“Mar dochs wolle wy it hûs wer ferkeapje. Wy binne ûnwennich fan de karavan. Dat wie sa smûk tegearre!“