“Ha jo ek in noflike sportbeha foar my?” freegje ik it winkelfrommeske. Hja is oan it stofsûgerjen. Ik herhelje myn fraach noch in kear. Hja sjocht my oan en seit; “Sjoch mar om jo hinne.” en giet fjirder mei har wurk. Ik gean fuort en gean nei in oare linzjerysaak en stel de selde fraach….
“Ik skilje efkes want it is hjoed Memmedei.” seit ùs soan. “Dat is moai fan dy dat sto der oan tocht hast.” sis ik. Myn man wie sakeman en moast der neat fan hawwe. It wie handich opset troch de middenstân fûn hy. Op it moed fan de minsken ynspylje… dat fûn hy mar neat….
‘‘It is ien maaie west, hear!” ropt de buorman. “Makkest propaganda foar de SP?” ropt in oaren ien. Hja libje allegearre mei. Ik ha ùs tùnstek fjûr read ferve. Jimme ha wol fan my heard dat de skuttingen grien wurden binne, tink ik. It resultaat fûn ik noch al mankelyk. En krekt dy dei wie…
Dèr sit hy dei en nacht te brieden. “Wannear soe hy frette?“, freegje ik my ôf. Ùs soan hat in flat op de fyftsjinde ferdjpping. Mei in prachtich ùtsicht mar hy hat krekt as de oare bewenners lèst fan dowen. Hja dogge der fan alles oan. De iene hat netten oer it balkon en in…