It frommiske oan de telefoan freget as se lâns komme mei foar in ynterview. “Hawwe jo wol it goeie nûmer?” freegje ik; “Moatte jo my wol hawwe?” “Jo hawwe in blog, mei allegearre stikjes.” seit se; “Mei ik efkes lâns komme foar in ynterview?” “Want dat is net gewoan as jo sa âld binne.” giet se fierder….
Twa jonkjes komme my gekjeiend temjitte. Se binne nei it swimbad west. De iene is sawat njoggen jier en de oare seis, tink ik. Se untdekke in piano en klappe net sachtsinnich de klep omheech. “Kinne jimme pianospylje?” freegje ik en wiis nei it musykynstrumint. Se sjogge my skrutend oan. “As ferstiest gjin Frysk?” sis…
In miening hawwe, der giet it tsjinwurdich om. Jo binne der foar as der tsjin. Der foar, dan kin jo in protte meistanners ferwachtsje. Mar der tsjin, dan moat jo bewaking organisearje. Wat is dat dochs hjoed-de-dei? We hawwe dochs yn de wet stean; “Frijheid fan mienings ùterings” mids jo der net immen mei skramje….