“Dy rêdt it wol.” sei de hûsdokter. Ùs mem moast wiken op bêd lizze do se it fjirde bern ferwachte. Se hie it oan de nieren en wat do wenstich wie, moast se de tiid troch rest ùtlizze. Sa bin ik op de wrâld kaam, fierste betiid. Ik woech noch gjin trije poend. Om de oare…
“Wat wiene der in protte minsken net?” seit se. Se hie har man al jierren allyn ferlen mar hjoed is hy te hôf brocht op it tsjerkhôf fan syn bertedoarp. Al in skoft fernaam se dat it net mear wie sa as it altyd west hie. Hy begryp har net mear. Se hiene altyd mar…
Ik gean neist de man sitten. Ferfeeld sjocht hy om him hinne. Fierder op stean noch mear minsken te wachtsjen. Omdat yn it bankwêzen besunige wurd is er mar ien frommeske oanwêzich. Hja docht har best mar de measte lju hawwe djipgeande fragen en dat kost tiid. “Nuver,” seit de man neist my; “dizze strjitte…
De soan hat west en omdat hy om utens wennet is it altyd in pear dagen. Dan prate wy by, dat is better dan maile as skiljen. Fan alles komt er dan op it plusentafelkleed. Polityk en leauwen binne favorite underwurpen. En omdat wy fan aard it selde binne hawwe wol es in oanfarring. Wy kinne…