“Hast it hjir alwer feroare?” seit in goed kunde en sjocht meunsterjend om har hinne. Guon freonen sizze al neat mear. Dy witte fan myn ûnrêst. Ik ha in kwaal; as it meubilêr langer as in moanne op it selde plak stiet moat it oars. As bern hie ik it al. As de famylje him klear…
“Hoe gaat het met u?” freget se. Grut en lang fan postuer, net unkreas stiet se foar my. Ik wol har antwurdzje mar se sjocht my ofwêzich oan, draait har om en rint fuort. Ik bestean net mear foar har. Ik wol har efterrnei gean en wol kontakt mar se is yn har eigen wrâld…