“Jo identiteitsbewiis is ferrûn.” lit de gemeente myn man witte. “Ik hoech gjin nije.” seit er; “Wer ha ik him foar nedich? Foar it sikenhûs en de bank ha ik al in bewiis. It kostet allinne mar jild.“ En sa skinke wy der gjin oandacht oan. Oant de stembiljetten foar de Europeeske ferkiezingen op `e moatte falle….
De doar jout in pieperich gelûd. Fremd, dat docht hy noait yn ‘e nacht. Ik sit by de tafel en kin net sliepe. Dat komt tsjintwurdich faker foar. Ik fyn it net slim; woldiedich is de stilte om my hinne. Myn holle is fol mei prakkesaasjes oer juster. Oer dei opslaan en ‘s nachts oer…
“Giet it wat?” freegje ik it âlde wyfke. We sitte yn `e taksje op wei nei de hûsdokter. Myn man moat in hoarapparaat ha mar earst moatte syn earen ùtspuite wurde. “Ik hie it al in kear as wat sein mar it lei him oan myn utspraak fansels. Wy geane earst nei in fersoargingshûs, der moatte…
Elts jier komt it wêrom. Fjouwer Maaie, de flagge healstok en fjouwerentweintich oeren letter wappert er wer fol ùt. Ik ha der altyd wat muoite mei hân. Dat komt miskyn dat ik der by west ha as bern. De marsjerende ferpaupere Dùtsers dy net mear songen, wat ik altyd sa moai fûn. De brêgen dy…