Omtinken
It is moandeitemoarn. Ik bin betiid op wei nei de superwinkel. It is drok. Hja hawwe allegearre it selde tocht, tink ik. Mei in grutte karre fol boadskippen stean ik yn in lange rij. Alle seis kassa`s binne beset dus bliuw ik mar stean. Wêrom sil ik feroarje fan plak? No ik dochs wachtsje moat…