Gurbe Flappie, It Orizjineel

Al dagen hie ùs heit it er oer; wy soene mei de krystdagen wat bysûnders ite.

Wat krije we dan?” frege  ik. “Dat sjochst wol.” sei er unfersteurber.

By ùs mem kaam ik ek neat te witten. Se hie al dagen in skûteldoek yn `t hok hingjen mei in panne der ûnder. Dat wurdt “Jan yn ‘e Pûde“, dat wist ik wol. Wat efterbleaun fan de sûpe waard in neigesetsje in soart fan kwark mei beisop.

De tafel wie feestlik fersierd mei beppe har lekken dy`t se noch lizzen hie.

Einlik gong ùs heit oerein en kaam efkes letter triomfantlik de keamer yn.
Hy begon te snijen mei in grut mes wat er altyd by him droech.

Wat is dat foar bist?” frege ik mistrouwend.

Dat is Gurbe.” sei er. “Hy hie nò it goeie gewicht.”

Ik moat kokhalzje en stoarmje oerstjoer de keamer ùt.

Gurbe‘. Wert ik it hiele jier op past hie. Alle dagen syn hok skjin makke hie en middeis nei skoaltiid sochten wy tegearre knineblêdden.

Gurbe wist alles fan my. Ik fertelde him myn famkesdingen dy ik oan nimmen ea sizze soe.

Der hat nea wer in ‘Gurbe‘ west …

Ach… Krysttiid 1944.

Read more

De beamgrins

‘Wat wenje jim hjir moai.“, sis ik fol bewûndering tsjin goed kunde. Grutsk litte se my hun appartemint sjen. Fan twa flats is ien grutte romte makke. En dan it ùtsicht… der fal ik hielendal foar. Trije heech (“Wy woene net heger as de beamgrins. We wolle de seizoenen meimeitsje.”). En dan noch it ùtsicht [Lês mear »]

Elkoar nedich

Max en ik sitte by de fèdokter, de wachtromte is grotfol. Grutte en lytse hûnen lizze mekoar opservearjend oan te sjen. In knyn krûpt djip wei yn de tas fan syn frou. Der neist sit in kat mei ùtstutsen neils klear om ta te slaan. In grutte man neist my hat in lyts hûntsje yn syn [Lês mear »]

Max

“Kom jonge, we moate der efkes ùt.” sis ik tsjin de hûn. Hy leit lang ùt op it flierkleed yn in stripe sinne.De kop komt efkes omheech en lit him dan wer falle. Hy wurd âld en min te rissen. Dôve as in kwartel, oan myn meneuvels sjocht hy wat er barre moat. Santsjin jier [Lês mear »]

Bienvenido!

“Kin mem ùs ek in pear dagen hawwe ?” freget de soan; “”We nimme ùs beide bern mei as it goed is.” De bern, dat binne twa hûnen dy net sa lang allyn ùt Spanje kaam binne. Mei in bestelbus fol binne se hjir oankaam. Twa binne hun ta wiist. Ik moat sizze: it binne skatten. [Lês mear »]

Hûnesoargen

Us Max hat soargen. Ik sjoch it oan syn gesicht. Syn iene ear stiet omheech en de oare leit plat op de kop. Ik sit nei him te sjen en wol witte wat er geande  is. In hûn mei soargen kin ik net oer. Jo witte noait wat er yn san kop omgiet. Sy kinne [Lês mear »]

Oerdriuwe

“Do moast nèt sa oerdriuwe.” seit myn man. Ik ha in ôfwiking. Ik wit it sels duvelse goed. Ik kin net oer wredens tsjin bisten. Ik tink dat kieme yn de oarloch lein is do ùs heit myn knyn slachte. Katten en hûnen dy mar raak fokten fong ik op. Kamen der tefolle dan makke ùs [Lês mear »]

In dak boppe de holle

Wylts it lân oeral mei aksjes dwaande is foar help oan de Filepijnen hingje ik fûgelhokjes op. Yn in grutte bistewinkel kaam ik in nijsgjirrich hokje tsjin mei in grien dakje der boppe. “Meist noch wol ien helje.” seit er; “Dat liket sa iel.“ En sa koste it my fjouwer ritten nei de winkel.  Mar no is it [Lês mear »]

>