Ik stean foar in dilemma. Sûnt in pear moane is Stientsje by ùs. Nei in pear drege wiken fan unwennig wezen docht se al krekt as hat it nea oars west. Se is oanhinklik en hat it ritme fan alledei wer te pakken. Se hat freonskip sluten mei de kat fan Sytse, en dat seit wat….
Se neame my Stientsje. Hoe komme se derby? Ik ha my foarnaam net nei dy namme te lústerjen. Wa neamd syn kat nò sa? Wat tinke dy lju wol net? Ik ha ek sa myn grutskens. Dat witte dy lju net mar ik bin in kat fan hege komôf. Ik ha yn in hiel grut…