Pine-mûle

Ùs Max hat pinemûle en nèt san bytsje neffens de bistedokter. Nei dat wy Olly, syn maat, nei syn lèste rèstplak brocht hiene sei ik tsjin myn man: “En nò wol ik Max neisjen litte. Hy is wol tretsjen jier mar ik wol him noch wol in jier as wat by ùs hâlde.” Myn man [Lês mear »]

Oliver yn memoarje

Ùs Oliver is net mear. Juster moasten wy mei fertriet ôfskied nimme. Sa as jimme yn myn eardere stikjes lèzen kint hawwe is hy in hiel skoft siik west. Hy hie focht achter hert en longen. It wie in persoanlikheid, in yndividu mei in aparte oanpak. Op 7 november 1997 is hy by ùs kaam. [Lês mear »]

Ùtlitte

Healwei kom ik myn buorfrou tsjin. Hja ferteld dat se mei man en bern nei Curaçao west is. It hele jier wurd dèr foar sparre want de femyljebânnen binne hiel hecht. Se hat my al es korrizjearre want ik  hie it oer Suriname mar dat hie ik mis: it wie Curaçao en dat is hiel [Lês mear »]

Kar meitsje

Der leit hy yn syn koer, ùs Ollie. Hy is siik en hy hoastset him stikken. Wy binne al wiken mei him oan it dokterjen. Hy hat focht achter longen en hert. Ik wit wol: hy is sechtjsin jier wurden mar as jo fan it bist hâlde dan wolle jo him sa lang mooglik yn [Lês mear »]

De Sparrebeam

“Kin fan dy beam ek wat tûken ôf?” ropt myn achterbuorman; “… wy ha san rommel fan dy nuddels op it terras!“ Hy komt der mei op in sear stè want ik bin -o sa- wiis mei dy beam. Dû wy hjir jierren allyn kamen te wenjen stie hy der al. It is in pronkje [Lês mear »]

Gehoarapparaat

“Wist sto ek wer `t myn gehoarapparaat is?“, freget myn man. “Nè”, sis ik: “ik ha him er nèt yn.” Hy begrypt myn humor net en giet fjirder mei sykjen. Hy hat ûnder de dûs west en dan leit hy dat ding oeral del. Ik sit efter de kompjûter en hear mar heal wat hy [Lês mear »]

Indy

“Mem, Indy is ek dea…“, seit myn soan. Ik hear wol; hy is oandien. Ik lis al op bed en krij noch let in telefoantsje. Yndy is in rûchhierriche Jack Russell. Sechtsjen jier allyn ha sy him tegearre ophelle ùt Ljouwert. It hûntsje wie fan in eartyds Veronicaskip-eigener. De man hie in stik as wat [Lês mear »]

Fûgelkouwe

Efter hûs yn de tûn ha wy in beamstamme yngroeven. In hiele grauwe stronk fan wol twa meter heech. De soan hie him midden yn de keamer stean foar syn katten. “Dan koenen hja mar om raak klauwe en kliuwe “, sei er; ‘krekt as yn de natûr.‘ Op myn oanmerkings dat dat net koe [Lês mear »]

Oliver

“It is in âld mantsje“, seit de bistedokter. Ùs Olly stiet triljend mei de stut tusken de poaten op de ûndersiiktafel. Mei syn  grauwe  fingers knypt de fèarts yn Olly syn lyts bealchje. Ik ha mei it bist te dwaan. “Moast er sa yn myn  lichem omknypt wurre“, betink ik my. Dat sil net noflik [Lês mear »]

>