“Hoe gaat het met u?” freget se. Grut en lang fan postuer, net unkreas stiet se foar my. Ik wol har antwurdzje mar se sjocht my ofwêzich oan, draait har om en rint fuort. Ik bestean net mear foar har. Ik wol har efterrnei gean en wol kontakt mar se is yn har eigen wrâld…
“Kinst my helpe?” seit er wanhopich tsjin myn man. Wy sitte oan it middeismiel. Hy is op de bank delsige en is syn rie ten ein. Hy hat in bedriuw yn boere-ark. Myn man en hy binne beide ûndernimmers en derby goeie freonen. Se beprate in protte tegearre en bertrouwe mekoar. Se witte fan mekoar…