Foltôge libben

We sille sneon te middei byinoar komme. Ùs mem wol net mear fierder libje. Ik hie wol troch dat it slim mei har wie mar dat it sa wie, dat wist ik net.” seit se fertrietlik. Myn freondinne hat it er dreech mei. Hjoed-de-dei kin min it mei de dokter en de minsken om jo [Lês mear »]

Ferrekte sear

“Hy hat my ferrekte sear dien.” seit er. Ik stean by myn freon, de Spjirrebeam. “Hoe no?” sis ik. Hy sjocht er ûnwanmoedich ùt. Ja, sis mar oant syn woartels ta kwetst. “Wat is er oan de hân? Fertel it my no mar. Do kinst my dochs alles fertelle.” sis ik. Hy seit neat. Mar troch [Lês mear »]

Ferhâldings

“Sy hat my noait lije mocht.” seit in freodinne tsjin my. We sitte bûtendoar oan in bakje kofje. De sinne sakket nei ûnderen en de fûgels binne ta rêst kaam. It wurd stil om ùs hinne. It is in momint fan fertroulikens. Dy mominten komme amper foar yn dizze jachtige tiid. “Nuver net?” giet se [Lês mear »]

Hoe no fierder?

Hoe no fierder? Nei al dy dagen fan oarlochsbetinkings en befrijingsfeesten bliuw ik mei in leech gefoel achter. Gefoelens dy oer elkoar hinne rôlje. Mei al dy ferhalen fan minsken dy de ferskriklikste dingen meimakke hawwe, moat ik de oare deis al wer oan `e Oranjekoeke en de Oranjebitter. Ik wit net hoe jimme der [Lês mear »]

Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?

Untitled-2

Dizze fraach waard yn de media stelt.

We hawwe it oer de hûnderden flechtelingen dy `t  ùs lân oerstreame. We kinne de ferskriklike bylden en sjogge der dei yn dei ùt nei. It wurd al gewoante, it heard by it deistige nijs sa as by it waar en wat docht de rinte.

We binne der allegearre mei oan, selfs de polityk. It giet sels safier dat it regear hjir mooglik om fâlle kin.

Myn pake en beppe hiene in grutte hushâlding mar namen er twa pleechbern by. Wêrom koe it doe wol en no nèt, freegje ik my ôf. Immen sei: “As eltse Nederlânner no es ien yn `e hûs naam dan wie it probleem oplost.”

“Soe sto wol op `e bank sliepe wolle en ik op in stretcher ?” freegje ik myn man; “dan kin er in flechteling op ùs bedDat moat dochs mooglik wêze.” Hy sjocht my oan as doogde ik net.

 Myn ferstân en myn gewisse hawwe it dreech …

Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?

Read more

>