“Mei ik it buro hawwe?” freget de soan. “Wat wolst er mei?” seit myn man wantrouwich. Hy is dea benaud dat it spul ûnder syn hannen wei helle wurd. Alles moat op it selde plak stean bliuwe. “As ik it brûke moat, moat ik it yn `t tsjuster fine kenne.” seit er altyd. Dat hat noch wolris rebûlje…
Hy hat pinemûle. Ik sjoch it oan syn gesicht. It is oars as oars, de iene helte is tsjokker as de oare . “Moast nei de toskedokter.” sis ik oerboadich. Foar de safolste kear giet er wer nei syn toskedokter. En elke kear komt er wer thus mei in peneselinekuer. “De man wol myn kies sparje.”…