Ùt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; “Wat soe dat betsjutte… ‘ùt neat ûntstien?’” Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske. “Us…
“Kom fierder.” sis ik tsjin de man dy `t by de doar stiet. It is de elektrisien; hy komt foar in pear stikkene stopkontakten. Okkerdeis ha ik de hierbaas troch in e-mail witte litten as sy dat reparearje koene. “Ik kon uw mail niet lezen dus ik weet niet waar het over gaat.” seit er….
Ùt de fierte stiet hy al te weauwen en ik swaai ùtbundich werom. In neef fan myn manskant komt sa no en dan es oer. En dan ha wy altyd in tige slagge dei en fine dan ek fan alles ùt. Sa as nei it Frysk Museum en it âlde diel fan de stêd Ljouwert…
“Hat mem als es nei tocht hoe jimme it ha wolle?” freget de soan. “Wat bedoelst sto?” sis ik. Ik ha wol in fermoeden wert er hinne wol. In oardsje allyn begong er der ek al es oer. “Kremearre as begrave.” seit er. Koartlyn hie hy nei in kremaasje west fan in freon. Dat hie him noch al…