Tweintich minuten

Sille wy moarnier efkes ofprate? Ik ha in keamerke besteld.’  seit er. 

Sunt in pear wike hat it âldereinhûs keamerkes makke, ôfskieden fan nijsgjirrigge lju.

Ik moat sizze, yn de earste ynstânsje like it my op fleanen. Pleksyglês mankeare de wanden. In telefoan stiet rè sadat min mei de famylje bûten kommunisearje kin. En dan mei min tweintich minuten prate.

Wat ûnwennich mei de situaasje skarrelje ik de romte yn, in desynfiktearjend fleske mei in doekje stiet klear. Moat min no earst desynfiktearje? As moat min it no op it ein dwaan? Ik doch it mar allebeide dan wurdt in oar net besmet .

De soan hat syn plak al ynnaam, ik gean tsjinoer him sitten.

En wert wy oars net oer stinne moatte wy no tweintich minuten tsjin elkoar prate. Earst mar oer it waar, en dan oer syn wurk, betink ik my. Tuskentroch freget er; ‘Hoe foldocht it, mem?’ 

‘Best,’ sis ik, ‘it iten en drinken mankearret neat oan, se dogge hja best.’

Mar er is ien ding dat untbrekt; frijheid!

De tweintich minuten binne om, de folgende besiker stiet alwer klear. We lizze beide in hân op it pleksyglês en sjogge mekoar oan…

Tweintich minuten…

Read more

Emosjoneel

Hat mem ek boadskippen nedich?,’  freget soan T. ‘Ja,’ sis ik, ‘mar do meist er net yn. It gebou is sletten.’ ‘Wat hat mem nedich?,’  freget er en ik neam de meast unnutte saken op. Efkes letter krij ik it berjocht; ‘Ik kom er oan, hear !’ Ik set my foar in raam wat in [Lês mear »]

Farre

Farre jo ek? “ freget se oan myn soan. We sitte oan de kofje yn it Fermidden, de grutte seal fan it fersoargingshûs. Se freget noch in kear: “Farre jo ek?” Ferwachtingsfol sjocht se him oan. “Ja,” seit er; “ik faar op Dùtslân.” “Ek op in skûtsje?” Mei grutte blauwe, trochskinende eagen sjocht se him twingend [Lês mear »]

Ferneamd

Sa as in hiel soarte minsken ha ik twa beppen hân. Faaks moat ik der noch oan werom tinke. De iene beppe, oan mem har kant, wie in skatsje… alles mocht en alles koe.  De oare beppe mocht my net lije, we leinen mekoar net. Yn har eagen koe ik neat goed dwaan, der wie [Lês mear »]

Misse

Moarn.” sis ik; “Hast in goeie nacht hân?” “It wie benauwd fannacht, hè!” “Hast ek lêst fan miggen hân?” “Hoedest de dûnstekken net oer. Dat skeelde wer!” “Wat silst hjoed dwaan? Hast ek plannen?” “Wolst sto dy earst waskje as sil ik earst?” It is it alledeiske gewoane praat. It hat neat om ‘e hakken [Lês mear »]

Diagnoaze (1)

Do moast nei dokter ta,” sis ik tsjin myn man; “do hoastet my tefolle.” “It giet fansels wol wer oer.” seit er. Hy moat neat fan dokters ha.

Mar it wurdt alle dagen slimmer en hâldt ùs beide ‘s nachts klear wekker. De paracetamol en de bûsdoeken binne net oan te slepen. Ik ha myn nocht en freegje as de dokter efkes komme wol.

“Even een penicilline kuur.” seit er; “Dan is het zo weer over.”

Mar it wurdt minder, ik sjoch him eltse dei efterùt gean. Dan is it freedtemiddei, ik hâld it net mear ùt en skilje de assistente.

“Maar wàt heeft hij, mevrouw?” freget se, mei ien each op de klok. “Dat wiet ik net,” sis ik oanbrând; “mar hy moat dalik komme.”

“Dat gaat niet zomaar.” seit se. “Lit mar!” rop ik; “Ik rêd my sels wol!” en smyt de hoarn del. De boadskip is oer kaam en in fremde dokter stiet al gau yn de keamer .

“Dy man hie allang yn ‘t sikehûs lizze moaten.” seit er en skillet in ambulance en it sikehûs.

Ik ryd efter de auto oan en betink my dat eartyds wy ùs stil hâlde moasten want de dokter, dy wist it wol. No moatte wy sèls de diagnose stelle en sizze wat ùs mankearret.

Lokkich wiene wy krekt op tiid.

Read more

De mem de frou

De boekenwike 2019  stie yn it teken fan ‘De moeder de vrouw‘. Hiel yntresant en dat brocht my op it idee om es oer ùs mem te skriuwen want dat ha ik yn al myn skriuwsels nea dien. Mar dat falt net mei want ùs mem hie folle kanten: se hat har nea deljaan kinnen [Lês mear »]

Krystbeam

By de buorren has se -no ja, de bern dan- de krystbeam optuge. It is in middelgrutte beam. By myn broer stiet mids yn de keamer in flinke fersierde beam, prachtich oanklaaid mei alles der op en oan. “Moai, hear.” sis ik, en mien it ek. En sa moat ik dizze dagen in soart fersierde [Lês mear »]

Milkshakes

Hastich en beswit komt er de keamer yn. Der wurde in pear bekers milkshakes op de tafel set, hy ploft op de bank del. Ik wit ùt underfining dat ik net fuort begjinne moat te freegjen hoe it west is. Dat is dreech foar my want ik bin osa benyd hoe it yn Sina gong [Lês mear »]

Ik bin in …

Frjemd, hè? Minsken freegje my faak: “Wer kom jo wei?” Steefêst sis ik; “Ût Âldeboarn.” It frjemde is: we hawwe fuort en daliks kontakt. Wat is dat dochs? freegje ik my sels ôf. Wy hawwe sechstich jier op It Fean wenne mar gek genoch telt dat net mear; der is gjin werkennen. We hawwe der [Lês mear »]

>