Sjouke de Zee| 1867-1954

Op de grutte souder fan “Woudlust” leit in jonkje fan amper acht jier plat op ‘t liif te lèzen. Hy hat in tsjok boek foar him lizzen. Mei koperen heaken en hoekstikken yn in âld learen bân. It is de Fryske steatebibel mei prachtige printen yn Goatysk skrift. Sa jong as hy is wit hy [Lês mear »]

Fysio

“Samar bin ik blyn wurren”, seit de kreaze jongeman tsjin ùs. “Ik stie  mei myn maat heech op in ljedder in hûs te skilderjen. En ynienen seech ik neat mear. En nò sit ik hjirre en bin folslein ôfhinklik wurren.” Wy sitte by Fysio yn de wachtkeamer. Myn man sjocht min en sa dwaande binne [Lês mear »]

Brutsen

Ja minsken: ik bin brutsen. Wy hawwe in flinke tùn. Wa moat dy ûnderhâlde? Ik fansels. Myn man in bèste fint hear mar hy hat gjin weet fan tùntsjen. Wy hawwe jierren allyn in tûnman hân. ‘Pake Huver’ seine ùs bern. Wat in weelde wie dat. Hy wie in ùtsanearre boer fan fiif en sechstich [Lês mear »]

De Papierman

Midden yn it sintrum fan it doarp stiet it ferkear stil. It sit muorrefest. Myn broer hâld de hiele boel op, hy is de papierman fan it doarp. Mei syn fiets en in ôfladen oanhinger stremt hy it hiele trochgeande ferkear. Jierren allyn doe der in hiel soart fraach wie nei âld papier is hy [Lês mear »]

Paraglider | twa

“Ik bin wer thùs hear!” ropt in stim yn ‘e gong. Mei in grutte klap hearre wy hoe hy tweintich kilo begage op de grûn falle lit. Ùs “paraglider ” is wer thùs. “Nò  je, hoe wie it? Hast it nei`t sin hân en is alles goed gong?” freegje wy.  “Jow my earst mar in [Lês mear »]

Pacemakers

” Jo hert rint te stadich”, seit de hertspesjalist tsjin myn broer. “Jo moatte in pacemaker ha, dat kin tsjintwurch..” en sa dat barde it. Nei kontrôle sei de arts: “It jout neat, we sille jo in oare jaan dy sterker is. We jouwe jo de allernijste pacemaker dy krekt ùt Amerika kaam is. As [Lês mear »]

Presintsje

“Ik ha in kadootsje foar mem..” seit myn soan. “Dat is moai” siz ik; “foar presintsjes bin ik altiid yn.” “Ik ha in webside foar mem. Dan kin mem har ferhaaltsjes kwyt en dat is moai foar it neiteam.” Nò, neiteam ha wy noch net en wat moat in oar mei myn ferhaaltsjes? Ik ha [Lês mear »]

Jierdei

“Sille wy moarn in dei foart?” freget myn man. It wie namlik syn jierdei en miskien ha jimme dat fest ek wol; wy sjogge altiid tsjin dy drokte oan. Earst moat je fan alles yn`e hûs slepe. En wat moat je ynslaan? Ien persoan is gehielûnthâlder, in oare hâld allinne fan reade wyn en wer [Lês mear »]

Nei mem ta

“Ik wol nei mem ta”, seit de man en hy lûkt en skoart oan de kruk fan de doar. Myn suster en ik binne op besite yn in ferpleechhûs foar deminte alderen. In pear jier allyn waart ùs mem opnaam, se koe har net mear allinne rêde. Ùt har sels wie sy in humorist, altiid [Lês mear »]

Paraglider I

“Deit, mem… ik gean foart, hear.“ Der stiet er foar my mij mei wol tweintich kilo bagaazje op ‘e rech. Nei in dikke tùt en in krûpke stapt hy op.  Ik sjoch him nei, stadich  rûngear  ûnder de swiere fracht rint er mei de holle foardel. Syn hobby is Paragliding -gjin frysk wurd-. Mei in [Lês mear »]

>