Paraglider I

“Deit, mem… ik gean foart, hear.“ Der stiet er foar my mij mei wol tweintich kilo bagaazje op ‘e rech. Nei in dikke tùt en in krûpke stapt hy op.  Ik sjoch him nei, stadich  rûngear  ûnder de swiere fracht rint er mei de holle foardel. Syn hobby is Paragliding -gjin frysk wurd-. Mei in [Lês mear »]

Heit

Fan 1904 oant 1968 libbe in bysûndere man. In man dy hiel wat stiennen yn syn libbensstream ferlein hat. As âldste fan fjouwer bern moast hy al op jonge leeftiid nei de boer. Syn libben bestiet sa as mear fan syn generaasje allinne mar ùt wrotten. Hy troude mei ùs mem en waart molkfarder. In [Lês mear »]

Freonskip

Ha jimme ek freonen en hoefolle? As jo minsken der nei freegje, dan wurd er faaks sein: o, ik ha sa folle!  Mar ek wol wurd er sein: ik hoech  gjin freonen, ik ha net ien nedich. As ik by mysels nei gean, dan kin ik noch al wat minsken. Mar werom, wy wenje en [Lês mear »]

De skipper Fan jonkje nei man

We binne ûnderweis nei Mook: myn soan fan fyftjin en ik. We hawwe gjin idee wat ús te wachtsjen stiet. We hawwe de kaart er by. Sa witte wy dat it by Nimwegen leit.

Yn de yntimens fan myn auto geane we tegearre op wei. We sizze net folle want wat falt der te bepraten? We sjogge der beide ôfgryslik tsjin oan om ôfskie fan inoar te nimmen. Hy sil in oplieding folgje foar skipper, op in ynternaat.

It begrut mij ta de tienen út. Noch nea fan hûs west. Hoe soe dit út pakke?

Myn man ek ik ha hiel wat ynformaasje ynwûn foar dat wy ta dit beslút kamen. It wie in roomsk ynternaat mei in izeren dissipline en wart bestjoerd troch âld skippers. Fan alle fiif ynternaten dy ús lân riik wie sei men dat dit de beste wie.

Nei dat wy kennis makke hiene mei direkteur en stêf, riid ik nei hûs. Ik ha it hiele ein it net droech hâlde kint.

Dû ik amper thús wie gong de telefoan mei in wanhopige soan oan de line. ‘Mem moat my dalik ophelje want jo moatte hjir de hiele dei op de knibbels krûpe! En as mem my net dalik ophellet rin ik foart!’ Myn andert wie: ‘Do past dy mar oan, ik helje dy net op.’

Ik ha in minne nacht hân.
Twa wike letter kaam er thús en prate nearne oer. Op myn fraach;‘Moast noch de hiele tiid op de knibbels krûpe?,’ sei er wat achteleas: ‘O, dat… dat wie ûntgriening….’

Wy hawwe it nearne wer oerhân. Mar dizze jonge is keardel wurden troch dat skippersynternaat.

Hy hat fan alles mei makke, it measte wart net ferteld. Hy en syn maten moasten fan alles ûndergean. Jonges út stêden as Rotterdam dy it libben ûnmooglik makken.

Mar kleie lei net yn syn karakter. Dû de grutte dei oanbruts fan de eksamens slagge hij as de bêste learling. Net mei de heechste sifers, mar mei de grutste ynset.

En no fart hij al jirren as kaptein op de Rijn, de binnen- en de kustfeart. Wy ha grutte bewûndering foar dizze jonge, dy’t net in learder wie mar in trochsetter…

Read more

Ùs Folksweinbus

Ùs folksweinbus is ferkocht. It die my wol wat dat hy nei jierren troue tsjinst foart gong. Ik woe my net kinne litte mar ik wie der emosjoneel fan. Jimme sille wol sizze;”Wat is dat nò it is mar blik, hear!” Jimme hawwe grut gelyk mar dochs…. We hawwe dizze bestelwein tsien jier hân en [Lês mear »]

Gehoarapparaat

Gehoarapparaten: nèt best as je der mei te kryen ha. Myn man hat ek san ding. It lytste apparaatsje waar oanskaft, want min mocht fansels  net sjen dat hy staf wie. Op syn âlde dei is hy ek noch idel, dat mei fansels oant op sekere hichte dan. Mar dan komt it, it is san [Lês mear »]

Gehoarapparaat

Gehoarapparaten: nèt best as je der mei te kryen ha. Myn man hat ek san ding. It lytste apparaatsje waar oanskaft, want min mocht fansels  net sjen dat hy staf wie. Op syn âlde dei is hy ek noch idel, dat mei fansels oant op sekere hichte dan. Mar dan komt it, it is san [Lês mear »]

>