Mei de tiid mei gean

Foto troch Mateusz Dach fan Pexels

San dikke tsjien jier ferlyn kaam de soan thùs mei in kado. ‘Foar mem,’ sei er en sette in grutte doaze midden op tafel.

‘Wer is dat foar?’ sei ik, ‘ik bin net iens jierdei.’

‘Pak mar ùt.’  sei er.

Nei dat de tafel beseit wie mei wiete boltsjes skûm komt er in grut skerm tefoarskyn. 

‘Wat no?’  frege ik ferbjustere, ‘Wat moat ik dermei?’

‘Hiest tefolle jild yn ‘e bûse ?’ sei syn heit noch.

‘Mem moat oan ‘e kompjûter. It is no tiid en net ùtstelle want dan is it te let.’

Djip under yndruk en en oertsjûge fan myn eigen unkunde waard de kompjûter oansletten.

Derop folge tiden fan machteleazens en lilkens. ‘Werom snap ik dat no net?’ fersuchte ik dan en woe him yn de grize container smite.

As ik stadich oan it in kromke troch krige hoe as it wurke, dan wie der wol wat oars wat it net die.

‘En no Telebankierje.’ sei de soan op in dei, 

‘Ach né, wol?’ sei ik deabenauwd, ‘Dat komt op de kop ferkeard.’

‘Nuchter neitinke, goed lèze en gewoan dwaan wat it apparaat seit.’  sei de soan wer. Ek dat krige ik under de knibbel.

En no, safolle jier letter, tank sy in trochsetterige soan, kin ik er net mear sûnder. Wa kin dat sizze op myn âldens ? 

‘Mei de tiid mei gean, Mem, jo binne nea te let om te learen. 

Tankje wol soan …

Read more

Toskdiskriminaasje

Sûnder reden, gjin hurde nùtsjeboel as sa, falt er in fulling ùt myn kies. In pear dagen letter noch ien, en omdat ik grutsk bin op myn eigen gebit meitsje ik my der soargen oer. Ik gean nei immen ta fan it âldereinhûs, dy my miskyn fierder helpe kin. In skofke letter komt se werom en [Lês mear »]

Emosjoneel

Hat mem ek boadskippen nedich?,’  freget soan T. ‘Ja,’ sis ik, ‘mar do meist er net yn. It gebou is sletten.’ ‘Wat hat mem nedich?,’  freget er en ik neam de meast unnutte saken op. Efkes letter krij ik it berjocht; ‘Ik kom er oan, hear !’ Ik set my foar in raam wat in [Lês mear »]

Efterom sjen

Sjogge jimme wol es efterom op it ein fan it jier? It kin troch omstannichheden weze of as de dagen koarter wurde. Of in freon wer sto hiel goed mei prate koeste, der net mear is. Ek ik hie sa san momint. Komt dat no troch it sentimint fan Krysttiid, freegje ik my ôf. En [Lês mear »]

Yn wearde litte

Se stiet flak foar my en raast wat yn myn ear. Ik skrik sa dat ik it kopke kofje falle lit.  “Werom raze jo sa?”  freegje ik. “Jo binne dochs doof?” seit se. “No, ik hear miskyn better as jo, juffer.” sis ik lichtelyk oanbrând. In hushâldelikehelp komt de keamer yn en rint regelrjocht op [Lês mear »]

Misse

Moarn.” sis ik; “Hast in goeie nacht hân?” “It wie benauwd fannacht, hè!” “Hast ek lêst fan miggen hân?” “Hoedest de dûnstekken net oer. Dat skeelde wer!” “Wat silst hjoed dwaan? Hast ek plannen?” “Wolst sto dy earst waskje as sil ik earst?” It is it alledeiske gewoane praat. It hat neat om ‘e hakken [Lês mear »]

Ds. Hasperskoalle hûndert jier

Mei in protte leven en gerattel komme se oanfytsen. Dizze famkes binne underweis fan Âldeboarn nei de hùshâldskoale yn Akkrum. It wie fuort nei de oarloch, it sil it jier njoggentjin achtenfjirtich west hawwe . Dat gerattel kaam ùt de fytstassen dy fol treaun wiene mei koperen tsjettels en kwispeldoors.  Hja soene koperpoetsen krije, en [Lês mear »]

Ferslave

Ferslave. Ik bin it type dat maklik ferslaafd wurde kin. Derom sil ik nea in oardiel hawwe oer ferslaving.  Ik wit fan mysels dat de ferlieder by alles wat ik doch op `e loer leit.  It probleem is; ik kin mysels, myn swakkens en myn sterkens. As it gesellich is makket it neat ùt wannear, dan [Lês mear »]

>