Ynventyf
“Ik wol in terras op `e sinnekant.” sis ik tsjin myn man. “We hawwe dochs ien.” seit er mei in djippe sucht. “De sinne is er allinnich moarns.” bring ik der tsjin yn. Wat is dy man altyd swier settich; alles moat bliuwe sa as it is. As ik syn sin dien hie hiene wy noch tusken de pùnheapen wenne…