Spannende tiden

Der stiet hja yn ‘It Fermidden’ (de grutte seal), it is kofjetiid. In slank eptich frommeske, se is de direktrise fan dit âldereinhûs. En ás sy komt, dan is er wat te rêden. Eltsenien dy dat noch kin, giet rjochtop sitten. ‘Wa is sy?, wurdt er flústere, ‘Kinst sto har?’ ‘In nije bewenner, seit er ien. [Lês mear »]

Werom- en foarùtsjen

Min wol hjir graach witte hoe de minsken de Corona-tiid troch kaam binne. En derom hawwe se in gearkomste belein yn it tehûs want praat efternei hat net ien wat oan. En sa sitte wy op in moarn oardel meter fan elkoar ôf yn de seal. Kofje en koeke is er genoch want foar de geselligheid [Lês mear »]

Min moat dochs sjonge kinne?

We meie no ek net mear sjonge.” seit se mei in tryst gesicht. “Wat bedoele jo?” freegje ik. Ik moat er noch efkes ynkomme, de moarn is noch ier. We sitte yn de grutte seal kofje te drinken, op paste wize in eintsje fan elkoar ôf. En omdat it grutste part hurdhearrich is falt de kommunikaasje op [Lês mear »]

Net te tichtby komme, hear!

Net te ticht by my komme, hear!” hear ik deis hûnderd kear om my hinne sizzen. Hja binne as de dea foar it firus. Logysk fansels, se hawwe fyf moane opslùten sitten. Mar sa as it mei alle ferhalen giet, se wurde hoe langer hoe grutter. Soms, as it my oer de hege skuon giet, [Lês mear »]

Oardel oere

Foto troch Jose Antonio Gallego Vázquez fan Unsplash

Fan ôf hjoed de fyftjende juny meie wy wer mear as ien op besite hawwe, Dat hat hegerhân sa beskikt, de besite moat oan hiel wat foarwaarden foldwaan.

‘Jo moatte studearre hawwe om it te snappen,’ sei it wyfke. It nije permenintsje skoddet heftich hin en wer.

In oarenien seit; ‘Twa meie der op besite komme. Ik soe net witte wa, ik ha net ien mear.’

Wer in oar: ‘Ik ha de soan en dochter ùtnoege mar se hawwe mekoar yn gjin jierren sjoen, hoe dat komme sil?’ 

En sa bringe de nije rigels hiel wat unrêst yn it hûs. Hja binne der in bytsje mei oan, tink ik. Oan de oare kant, wy hawwe net ien coronapasjint hân tank sy de strenge rigels fan it bestjoer.

It hat de ynwenners mear dien dan de bûtenwrâld mar yn ‘e fierste fierte fermoede kint ha.It wie ommers in unsichtbere fijân, en dan samar opslùten te wurden… dat begrypt net ien.

Mar no mei er besite komme. ‘Wer moat ik it oardel oere oer hawwe?’ freegje se mekoar. 

Want nei safolle wike fan ofsûndering en ynsluting moat min wer leare om mei famylje om te gean. En sa komme de bewenners mei hun fragen en unwissichheden by elkoar, se sitte ommers yn it selde skouke.

‘Nije wike meie der fjouwer op besite komme,’ seit in bewenner, ‘Meitsje jimme mar klear!’ 

Read more

Steryl

De safolste brief falt yn de brievebus.  De direksje libbet tige mei. Soene se ek in mem as in heit, pake as beppe, yn in âlderein hawwe? It klinkt hiel meilibjend mar ha se wol underfining? De rigels sille wol folgens it RIVM strikt opfolge wurde. Mar soene dy lju fan it RIVM ek famylje yn in [Lês mear »]

Beuzichheidsterapy

Alwer in draaioargel,’ seit myn buorfrou. Ik swaai nei de beide manlu dy it grutte tsjil yn beweging sette. ‘Dat dogge se foar ùs,’ sis ik.  ‘Jou my mar countrymuzyk, jazz as gospel, dan komt min noch wat mear yn beweging,’ seit se. Sjongers mei en sûnder gitaar gean oan ùs eagen foarby. Sûnt in [Lês mear »]

Berêsting

De telefoan giet. In entûsjaste stim ropt; “Moast bûten sjen! Ik stean nei dy te swaaien!” Op in bankje fierderop sit in frommeske en besiket kontakt mei my te krijen. It kabinet hat besluten om de maatregels te ferlingjen oan’t achtentweintich april . De reaksjes fan de bewenners binne ferskilllend. In freondinne sei; “Dat haal ik [Lês mear »]

‘Lockdown’

Hast it al heard?” seit in buorfrou, “Alle duorren geane ticht en op slot. Earst fanne wike de sietduorren fan it gebouw, en no de haadyngong.” Stadichoan wurdt de kring lytser om ùs hinne. We kinne net mear in rûntsje meitsje yn de tùn. Yn it gebouw is de eangst  foar besmetting fielber, as ik er [Lês mear »]

Corona

Follik! ” ropt in man yn de doar. “Kom fierder.” sis ik -tsjin better witten yn- want dat kin ommers hjoed-de-dei net mear. It is myn nije buorman dy hjir krekt mei syn frou kaam is. Se binne tagelyk jierdei, hiene in sealtsje hiert en soene it grut fiere. Mar it giet net troch krekt as myn [Lês mear »]

>