Ofskied fan in hielmaster

Mei in saaklik briefke lit ùs hûsarts witte dat hy mits âldens er mei ophâldt en in opfolger foar syn praktyk fûn hat.  Ik gean erby sitten, dit moat ik efkes ferwurkje. Fiifentritich jier hat hy wekke oer ùs sûnens en wolwêzen. Fan in praktyk oan hûs mei ien assistinte, is it in sûnensintrum wurden mei [Lês mear »]

Farre

Farre jo ek? “ freget se oan myn soan. We sitte oan de kofje yn it Fermidden, de grutte seal fan it fersoargingshûs. Se freget noch in kear: “Farre jo ek?” Ferwachtingsfol sjocht se him oan. “Ja,” seit er; “ik faar op Dùtslân.” “Ek op in skûtsje?” Mei grutte blauwe, trochskinende eagen sjocht se him twingend [Lês mear »]

Diskusearjearje Wat wol men noch mear?

Wolsto foar ús in jûn fersoargje mei dyn webside ferhaaltsjes?” freget de foarsitter. “Soe hun dat wat ynteressearje?” sis ik. “Sykje mar wat út,” seit se; “do kinst de tahearders wol.“ En der wringt by my de skoech. It is in mingd selskip. En dan noch; welke ferhaaltsjes komme der foar yn oanmerking? Dagen bin [Lês mear »]

Polityk Rêstich oan, froulju...

Wat in ûnwierskynlik nuvere man, dy Trump, net?’ freget se fûleindich oan it klupke froulju foar har.

We binne oan it kofjedrinken, troch de tiid hinne hat elk syn eigen plakje fûn. As er ien op in ferkearde stoel sitten giet, wurdt er wat fan sein. Yn it begjin ha ik my as bûtensteander der tsjin fersetten; gjin fêste plakken wol? Ik moast belies jaan, eltse moarn sykje se hun eigen maat op. Oan de oare kant; it jout wat fêstichheid fansels.

We hawwe it earst oer it waar, dat de winters net mear sa binne as eartiids. Ferskate lju ha de alve stêdetocht riden as min hja leauwe meie. It binne sterke ferhalen; troch de jierren hinne binne se mânsker wurden.

‘Wat fine jimme fan dy Trump?‘ ropt se noch es lûd. Se wol dúdlik oandacht. Har soan wennet yn Amearika, dêrfandinne dy ‘obsessy’ foar dy Trump.

‘Jou my mar Drees.’ seit in lyts wyfke, se komt amper boppe de tafel út. Yn ienen is er oandacht, se begjinne trochinoar hinne te praten. Immen slacht mei it kopke op de tafel. ‘Troch him kinne wy hjir wenje en net yn in earmhûs.’ seit se.

It is stil wurden, elk giet wer nei syn eigen stee.

Polityk …

Read more

Wer sille jo hinne?

Wer gean jo mei de Krystdagen hinne?”  freget immen oan frou Dykstra.  Ik wiet, se hat in grut gesin hân, sa no en dan sjoch ik ien fan dy bern by har op besite. Mar it rint net stoarm, ek sy hawwe hun eigen wrâld kreëarre en der post warskynlik grif gjin minske fan hûnderd yn. [Lês mear »]

Fatsoenlikens

S Sûnt in wike rin ik mei twa ynswachtele fuotten rûn , en ek noch  trije lagen wynsels. “Jo hawwe opsette fuotten,” sei de dokter; “dat is net goed.” Gefolch is dat gjin skoech mear past, sels myn man syn trouskuon passe net mear en dát seit wat. Eltsenien is ynt spier om foar my geskikt [Lês mear »]

Waarmte

Komsto moarn by ùs te ieten?” freget se;“Ik sil pankoek bakke. Myn bern fine dat ik der hiel goed yn bin.” Ik stean te twifeljen, ik hie oare plannen, mar in stim yn my seit: Dwaan! Do wolst er dochs tusken komme? We hawwe ynkoartens in wylddiner. “Sille wy ùs opjaan?” freget in freondinne. Ik [Lês mear »]

Swimles

Se hawwe hjirre in oerdekt swimbad spesjaal foar âlde stramme lju, mar ek foar lytse bern. Regelmjittich tref ik der in famylje oan ùt in fier lân, hja binne net te ferstean. Heit helpt de bern ùt en yn de klean, de mem ha ik noch net sjoen. It  lytse famke hat  in bikiny oan mar [Lês mear »]

>