Fyftsjin minùten

‘Jo hawwe fyftsjin minùten foar in kontrôlebeurt mefrou en dan ek noch oer twa moanne…’ ; seit de toskedoktersassistinte. Ik sei noch; ‘Mei ik him dan wol moarn sizze en efkes nei syn sûnens freegje?’ It kommentaar wie; ‘As it mar by dy fyftsjen minùten bliuwd.’ By de hùsdokter is it noch slimmer, der krye [Lês mear »]

De brêgewachter Eartiids wie alles écht better

In soan fan ús hat hiel lang brêgewachter -wipper- west op ferskate brêgen yn Fryslân. Prachtich wurk fûn hy dat. Direkt kontakt mei minsken.

Ien brêge wie syn favoryt. Dat wie in brêge wer wol gauris skûtsjeskippers lâns kamen. Dy ferfierden dan fean en túnmodder. Se kamen dan altyd efkes by him om in praatsje en in bakje kofje. Troch dat sy geregeldwei by him lâns kamen ûntstie er in wisse freonskip.

Der waard him fan alles ta betroud. Húshâldlike problemen thús as bygelyks it ferlies fan in bern. Mar as it wurk ôfrûn wie bleaunen de ferhalen yn it brègehokje achter, dat wie de ôfspraak.

Hoe folle moaie beroppen binne sa net ferdwûn.

Nim no bygelyks de wyksuster dy elke bewenner fan har omkriten koe. De molkekarre dy alle dagen lâns kaam mei syn boekje. De plysje dy yn it doarp wenne. De man fan de fersekeringen en de húshier; sy kamen eltse moanne lâns.

Om dan mar oer de postboade te swijen… Wat koe dy eltsenien. Hy sei gewoan tsjin myn mem: ”Jo krije moarn in iter..” Dat hie hy al fêst mar lêzen.

Mar jimme witte grif wol mear beroppen fan eartiids. Se binne allegearre fuort, de sosjale earmoed kaam der foar yn `t plak.

Dizze minsken fan eartiids binne de pylders fan ús bestean.

Ferjit se net!

Read more

Smoke Lit my dochs.

Binne jo ek in smoker? Wat mysels oangiet: ik moat it earlik ta sizze… ja. Mar sa as elke ferslave sis ik:  ‘Ja, ho es efkes, ik bin mar in smoute smoker!’ Mei oare wurden: it hat neat om‘e hakken. Sa folle smook ik net. Mar wat my it measte dwers sit is it kommentaar [Lês mear »]

Myn winkel | trije

Beste minsken, ik ha jimme ûnthjitten dat ik noch ris werom komme soe  mei de skiednis fan myn winkel. Twa keer is er ynbrutsen. Se hiene in rùtsje by de doar ynslein. Wat my opfoel tusken de rafaazje fan klean, glès en wat net al, misten wy by de broeken allinne maat 38. Dus it [Lês mear »]

>