“Ha jo ek in noflike sportbeha foar my?” freegje ik it winkelfrommeske. Hja is oan it stofsûgerjen. Ik herhelje myn fraach noch in kear. Hja sjocht my oan en seit; “Sjoch mar om jo hinne.” en giet fjirder mei har wurk. Ik gean fuort en gean nei in oare linzjerysaak en stel de selde fraach….
Geachte heer/mevrouw, uw nieuwe factuur staat online. “Wêrom kry ik de rekkening net gewoan troch de brievebus?“, freegje ik my sels ôf. Mar hawar, it is de tiid tink ik mar. De banken, de belesting, de streamleveransier; sy wolle allegearre online. Ekonomysk besjoen skeelt dat in ein, fansels en it giet allegearre om de…
De telefoan giet. In mannestim freget as it goed is dat hy lâns komt. It komt my foar dat ik it lûd kin mar ken him net thus bringe. In skofke letter stiet in grutte, foarse jonge man foar de doar. En daalks werken ik de buorjonge fan eartiids. Hy wie like âld as ùs…