Op kursus

“Mevrouw, de  man die U moet hebben is op cursus.” Ik skilje mei it kantoar fan ùs bouwferieniging. Ik wol graach in kraan bûtendoar ha en wol witte as sy in leadjitter beskikber hawwe. Nei dat ik ferline jier myn pols brutsen ha, seit myn pols as ik de swiere jitter  ùt de goatstien til,  [Lês mear »]

Lokkich

Wèrom lokkich sille jimme sizze? Ùs bern binne fan nacht de doar ùt flein. Ùs bern? Ja, sa fielde dat. Wy hiene twa koalmees (blokfink as bijbiter) -pearen. Och, wat ha wy der oppasse moatten. Op de ûnmooglikste tiden fan de dei longerden katten en rôffûgels op dizze lekkere hapkes. Om de beurt hâlden myn [Lês mear »]

Markol

Ja hear, myn Markol hat jongen. Nò ja, ‘myn’… dat is oerdreun fansels. Al wiken rin ik mei Max lâns in nest Markols. Yn bewûndering stean ik fan in ôfstân te sjen, sa keunstich as it makke is ferstoppe tusken it reid. Ik hie mei it wyfke te kryen, se siet der mar: dei yn, [Lês mear »]

Brutsen

Ja minsken: ik bin brutsen. Wy hawwe in flinke tùn. Wa moat dy ûnderhâlde? Ik fansels. Myn man in bèste fint hear mar hy hat gjin weet fan tùntsjen. Wy hawwe jierren allyn in tûnman hân. ‘Pake Huver’ seine ùs bern. Wat in weelde wie dat. Hy wie in ùtsanearre boer fan fiif en sechstich [Lês mear »]

Leger des Heils

De wite slûffe fan it Leger des Heils leit wer op de doarmatte. Se fine dat ik myn kleankast opromje moat. Eltse maitiid sette se my wer foar it blok. Ik ha wat mei it leger. Se doche sa safolle goeds foar minsken dy it minder ha as ik, dat ik my altiid skuldich fiel. [Lês mear »]

Kreakers

Wat kin it sneintemoans betiid stil om jo hinne wèze. Net in mins op ‘e dyk. De iene helt fan Fryslân sliept ùt en de oare helt giet nei`t tsjerke. Nò sa krekt wit ik it ek net fansels, miskien lizze de getâllen wol oars. Dan yn ienen yn dy noflike stillens wur ik steurt [Lês mear »]

1.1.2.

Ik nim rislewaasjes om op bed te gean. It hat in lange dei west en ik ha myn nocht. Max, ùs hûn, giet al foar my ùt en jowt him noflik del yn syn grutte stoel. Myn man is in nachtbraker en wol perfoarst Pauw en Witteman sjen. Ik jow my del en lèz in [Lês mear »]

Stuollen

‘Wèr is myn stoel?’, freget myn man? Nò is hy wol wat went moat ik sizze mar nò`t hy âlder wurd kryt hy der muoite mei. Salang wy by elkoar binne -dat is lang- bin ik yn ùs wenkeamer oan it skowen en ferhuzjen. Ik hâld fan gesellichheid mar ek fan feroaring. Ik ha es [Lês mear »]

Flaamske Gaai

It is noch betiid op ‘e moarn. Mei slûge eagen sjoch ik nei bûten. De snie en froast komme my temjitte. Nei dat ik de nediche kofje hân ha en noch ris nei bûten sjoch, bin ik ferwûndere oer it moaie winterbyld. Ik ha noch nea san fûgels by elkoar sjoen. Koalmezen, mosken, roeken, eksters [Lês mear »]

>