Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moed opjûn. Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle. As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting by de doarpskapper! Der sieten…
Nederlân tsjin Argentinië. Fuotbal… It is sa fier. Ik kin my der net drok om meitsje, mar dochs wurd ik mei sleept troch it entûsjasme fan myn meibewenners. De betsjinning fan it fersoargingshûs wol ek wol earder nei hûs, foaral om Lionel Messi, dy ferneamde fuotballer, te sjen. Sa giet Michiel ek nei hûs want…
De telefoan giet en in stim ropt lûd: ‘Trekt u vast de jas aan, de taxi komt eraan. Maakt u zich gereed.’ ‘No, ik stean al in hiel skoft gereed.’ mompelje ik. De man bringt my swijend nei Aldeboarn. Hy is wurch tink ik want de hiele rit komt er gjin wurd út syn mûle….