Minsken
“Meisto alles wèr oanpakke?” freget in mem oan har soan. “Ja,” seit er; “behalve de buorfrou.” Der wurd temûk om lake. Ik sit te wachtsjen yn de wachtkeamer fan it sikenhûs. It is tsjokfol. Hja moatte allegear bloedûndersyk ha. “Sille wy elkoar ôflosse?” seit in jong feint tsjin in âld mantsje. “Jo moatte nèt stiif…