Ach, wat soe ik graach dichtsje wolle. Ik ha it faak besocht mar al gau lei de grûn besiede mei mislearre gedichten. Hoe ha dy dichters it dochs? freegje ik my ôf. Moaie wurden binne er genoch, foaral yn de Fryske taal. Mar om yn it gemoed fan minsken te kommen, sis mar de snaren…
It is skimerjûn. We sitte wat nei te praten. In goeie freondinne hat west en under it genot fan in glês wyn komme de petearen los. “Asto op dyn libben werom sjochst, hiest it dan ek oars dien.” freget se my. “Ach ja,” sis ik; “mei de wysheid fan hjoed-de-dei wie it hiel oars rûn.” Ik hie…