Efkes oer my sels want wa my net kin, der bliuw ik in fremde foar.
Ik bin berne yn Âldeboarn en bin de jongste fan fjouwer bern. “Twa jonges en twa famkes. In Keninklik Getâl.” sei ùs mem altiid.
Yn it jier 1934, doe ik berne waard, wie der al ûnrèst yn de wrâld.
Earmoede en macht spilen doe al in grutte rol, de twadde wrâldoarloch kaam er oan. Oan de foartekens koe min it wie goed merkbite. Mar der hie ik noch gjin euvele moed fan. Ik wie in bern neffens de oerlevering, altiid fleurich en bliid.
Myn heit wie molkheller en moast alle dagen nei de boeren yn it achterlân om de molkbussen fan en nei de febryk te bringen. Dat wie in machtige tiid want bûten de skoalle om mocht ik altiid mei. Dan siet ik boppen op in 40-mingelse molkbus en dan moast ik fan myn heit sjonge. Yn it lid fan de molkbus siet in gatsje, der moast ik myn finger foar hâlde en dan dronk ik ferske molke fan de ko.
Sa ha ik noch in hiel soart oantinkens fan eartiids.
Yn myn tinzen wiene dat myn lokkichste jierren. It wie in tiid fan feiligens en burgen-wèzen. Mar doe kaam de oarloch en feroare alles. Ùs heit gong by de undergrûnse en wie ‘s nachts altiid op in paad.
Foar myn gefoel wien wy fan bern ynienen folwoeksen wurden, wy hiene ferantwurdlikens krigen.
Nettsjinsteande ha ik in soargeleaze jeugd hân yn in feilige degelike omjouwing. En dat hat in stevige basis west foar myn somtiden turbulente lettere libben. Noch ha wy as susters en broers in hiele hechte bân en komme graach by elkoar .
Sa nò witte jimme it ien en ‘t oare oer wa ik bin en wer ik woartele bin.