Heite- & Memmedei

Komst efkes om in bakje?” freegje ik oan myn freondinne. “Nè,” seit se; “myn soan hat Heitedei.” “Mar dan is hy dochs thùs?” freegje ik. “Dat is`t him no. Dan wol hy dat ik him assitearje by de bern.” “Wannear hast dan wol tiid?” “Nò eiglik nea. Ûs dagen binne beset. Myn skoandochter is lùzemem wurden en … Read more

Lit him no mar

Lit him no mar.” seit syn heit. De soan sil wer fleane  en wol yn Colombia.

Hy is in enthousiast Paraglider. Oerâl op de wrâld hat hy flein. Yn it deistich libben is hy skipper en fertsjinnet syn brea op it wetter. Mar syn grutte hobby, dat is fleanen. Sa gau as hy kin is hy fuort. De reizen binne al fier foarùt boeke.

Hy  sil no nei in lân wat in prachtige natûr hat. In lân mei bergen en in freonlike befolking.
“Hoe fynt mem dIt?” freget er. Hij stiet foar my en lit grutsk syn fleantenue sjen.

In grutte helm wurdt opset mei in hiel aparte bril. Mar ek in stuoltsje mei in soart touwen, gespen en riemen.

“Der is in hiele grutte brêge ynstoart.” sis ik; “der wiene hiel wat deaden en ferwûningen.”

“Der is ek noch al wat korrupsje yn it lân.” gean ik fierder. “Dy is oerâl op de wrâld, mem!”

Werom giet er no net nei de hunebêdden fan Drinte as de offâlbulten fan Omrin?

“Lit him no mar.” seit syn heit.


Read more

Bliuw dy sels

Mem moat es oer oare ûnderwurpen skriuwe,” seit er; “dy hjoed-de-dei wichtich binne.” “En dat is?” freegje ik benijd. “Nò, ha it es oer seks, metoo as persoanen dy in oar geslacht hawwe. Ensafuorthinne. Dat wolle de lju lêze. It moat interresant wêze. Der moat spanning yn sitte. Dan kriget mem fêst in bulte lêzers.” seit … Read more

Myn gelikense

Einliks sjoch ik yn dat ik fan elkenien de gelikense bin. Eartiids do ik jong wie en yn in doarp wenne wie dat oars. Der wie grut ferskaat yn alle lagen fan de befolking. Nim no it kristelik en it iepenbier ûnderwiis. It maatskiplik en sosjaal libben oerâl wie in skifting. Bern fan arbeiders as bern fan … Read more

Ferwachtings

It is it jier 1941 en oarlochstiid. Myn ferwachtings binne heech want Sinteklaas komt er oan.

“Moast er neat fan ferwachtsje.” sei ùs mem.
Dit jier sille er gjin kado`s wêze. Er is ommers neat mear te krijen, de winkels binne leech. Hol en leech sjogge de etalaazje glêzen my oan.

Mar dochs; jo witte mar noait en sa sûnder er oer te praten dream ik oer in moaie poppewein. Want dat woe ik sa ofgryslik graach!

Jûns sitte wy gesellich om de read gloeiende potkachel. Gleone poeiermolke en taaiguod makket in soart goed.

Ynienen giet de doar iepen …

Der wurdt in grut pak om de doar setten, ferpakt yn kranten sûnder strik. “Foar dy.” seit ùs mem.

Senuweftich skuor ik de kranten der ôf en ta myn grutte ferwûndering komt er in hiele grutte poppe ùt.

Se mist twa eagen mar in osa leaf gesichtsje. Se hat ek in prachtich bosk hier, it sil dagen duorje foar dat it ùt de tiis is.

Tank sy Van der Berg, de timmerman, en Diet en Durkje  Rodenburg  krige ik de poppe fan myn dreamen.

Se stiet noch altyd te pronk, sûnder eagen, mar dêrom is se my troch de jierren hinne tige dierber wurden …

Read more

Loslitte

“Hy wol net. Hy wol néat.” seit se opstannich. Myn beste freondinne komt efkes lâns. Hja is oars as oars bespeur ik wol. Earst mar kofje sette, dan komt se wol los. En dan komt it hege wurd der ùt. Der is harren in oanleunwenning tasein. In pear jier allyn ha sy har op in … Read more

>