Rûte 21

We moatte de oanwizigen mar folgje.” sis ik tsjin myn man. We binne yn it sikehûs en moatte nei de ôfdieling Geriatrie Âlderein Specialisme. Mar der gean jo net samar hinne. It sikehûs is mei syn tiid mei gong. Jo moatte jo earst oanmelde yn de hal. Der steane fjouwer grutte pylders. En dan moatte jo je riidbewiis … Read more

Kameraden

Sy is myn kameraat.” seit de jonge en wiist my grutsk op in frommeske dat fierderop stiet. “It koe minder.” sis ik. Wat moat min oars sizze? We litte beide de hûnen ùt. Ik koe him wol en sa kamen wy yn de kunde. “Kinne jimme mekoar al lang?” freegje ik, net unbeskieden. Want dat … Read more

It muoit my

Spyt. Ha jimme dat ek wol ris? Ik wol, regelmjittich ha ik spyt. Net alle dagen fansels, dan soe ik net mear myself wêze kinne. “It spyt my.” sis ik tsjin de soan as hy my wat fan eartiids foar de fuotten smyt. “Wer gong it ek al wer oer?” freegje ik him. Slim hat it net … Read more

Folkslieten

De kûgel is troch de tsjerke. Nei lang geharre war fan ferskate lju en regearpartijen is it sa fier: de folkslieten moatte op skoalle wer leard en song wurde.

In fyn it in goed beslut, myn man dêrtsjinoer fynt fan net. En sa binne wy op de iere moarn oan it diskusearjen en wurde it net iens.

Ik moat earlik sizze; ik hâld fan folkslieten. Foaral fan it Fryske. As er wer in kampioen fan Fryslân op it podium stiet en ùs folksliet wurd song, hâld ik it net droech.

Mar ek as it Wilhelmus earne op de wrâld klinkt bin ik djip rekke.

It komt fan ùt de oarloch, tink ik.

Wy hiene in radio under de matros yn de bedste. En op tiden dat it ridlik feilich wie sette ùs heit Radio Oranje oan en begong de útstjoering mei it Wilhelmus.

Ek op skoalle learden wy it folksliet, lokkich twa kûpletten en net alle fyftsjen. We hiene in master dy der neist ùs ek it Fryske Folksliet learde. En as ien it goed opsizze koe dy krige in moai skrift mei pompeblêden der op.

Eltsenien jong en âld moat it kinne. It heard by ùs bestean.  ûs Frysk en Nederlanner wezen.

Derom sa lyts mooglik begjinne!

Folkslieten.

Read more

Dieredei

Dieredei. By ùs is it hiele jier Dieredei. Ik kom ùt in tiid dat bisten gjin besteansrjocht hiene. Der sille fansels altyd minsken west hawwe dy fan bisten hâlden. Mar it grutste part fûn it gewoan dat se der wienen. Se hearden by it strjitbield en by it doarp fan do. Der waard net altyd … Read more

Skiftsje

Yn welke bak moat dit no wer?” freget myn man. Wifeljend stiet er boppe in rigele ôffalbakken. Se steane sa opsteld dat it foar elts dudlik is hokfoar ôffal der yn moat. Wy binne allegearre der fan oertsjûge dat er wat dien wurde moat oan dy grutte bulten ôffal. Ek wy binne begien mei ùs ierde … Read more

Dichtsje

Ach, wat soe ik graach dichtsje wolle. Ik ha it faak besocht mar al gau lei de grûn besiede mei mislearre gedichten. Hoe ha dy dichters it dochs? freegje ik my ôf. Moaie wurden binne er genoch, foaral yn de Fryske taal. Mar om yn it gemoed fan minsken te kommen, sis mar de snaren … Read more

Soarg & Wolwêzen

Op in drokke wei en op freedtemiddei stean ik stil. Ik bin op de skoetmobyl en soe gau efkes boadskippen dwaan. Yn panyk start ik noch es en sis lûdop tsjin mysels; “Kalm fanke, rêstich bliuwe.” As ik op san momint net mysels bin praat ik lûdop. Minsken sjogge somstiden efterom. Ik sjoch se tinken; der … Read more

>