De mem de frou
De boekenwike 2019 stie yn it teken fan ‘De moeder de vrouw‘. Hiel yntresant en dat brocht my op it idee om es oer ùs mem te skriuwen want dat ha ik yn al myn skriuwsels nea dien. Mar dat falt net mei want ùs mem hie folle kanten: se hat har nea deljaan kinnen … Read more
Mist wurde
Pier is juster ferstoarn.” seit in bewenner tsjin my. We bliuwe efkes stean en hawwe it oer de ferstoane. Ik ha Pier wol fjirtich jier kinnen, hy wenne mei syn frou ticht by ùs. We hiene in ‘klik’ sa `t hja hjoed-de-dei sizze. Altyd efkes swaaie as in praatsje oer it waar en de bern. … Read more
Weemoedigens
Trije dagen efterinoar lizze der leedbrieven by ùs op de doarmatte, fan trije lju dy wy goed kinnen hawwe, de iene better as de oare. Se binne foar in grut part in ein mei ùs oprûn op ùs libbenswei. Ik gean der by sitten en lit se stik foar stik oan myn eagen foarby gean. … Read more
Holland-Amerika Lijn
Mannestimmen fan in shantykoor sjonge oer fiskers dy hun libben lieten op sé. De seal is ofladen en mannichien sjongt mei, kin min de tekst net dan nùndert min gewoan mei. Neist my sit in kreaze steatige frou -al op leeftyd- se hat wat oer har wat myn oandacht lûkt. Sy sjongt net mei mar stoarret nei it … Read more