Fertriet

Stientsjeùs kat– is fane wize. Se is net harsels. Se is net de âlde Stientsje.

Us buorman is fane wike stoarn..

Salang wy hjirre wenne ha, wiene sy grutte freonen. Se rûn, oer de rânen fan it balkon, alle dagen nei de buorman ta. Se kaam net yn’e hûs mar gong foar it raam sitten en seach frijmoedich de keamer yn.

Somtiden siet sy foar it sliepkeamers raam, ek as hy besite hie.

En sa gong dat jierren troch. De man fûn it best en ek noch gesellich .

Mar no is hy stoarn en Stientsje mist him. It hûs is leech, d’r is neat mear te sjen.

Ik ha efkes ûnder twa eagen mei har praat en útlein dat dea gean by it libben heard.

Mar har itenspantsjes bliuwe leech want Stientsje, dy hat fertriet…

Read more

Wilsferklearring

Wat wol mem no?’ freget de soan, en hy wiist op in papier wat al dagen útdaagjend prominint op ‘e tafel leit. It is in wilsferklearring dy ik ynfolje moat, en der skiet ik no al dagen tsjin oan. De doktersassistinte hat him brocht en dy moat ik no ynfolje. Mar ik bin der noch lang … Read more

>