It moat wenne, dat is wis.
Ik mis myn buorlju. We hawwe mear as tweintich jier neist elkoar wenne.
Allegearre jonge minsken, wy wiene de âldste bewenners.
We hawwe mei elkoar lake en mei elkoar gûld. As ien fertriet hie, wist de oare der fan.
As immen yn ferwachting wie libbe de hiele buert yn spanning en telden wy mei elkoar de dagen .
Ferhûzje; elkenien holp mei, elk op syn eigen wize. Op hûnen passe der koe altyd wol ien by.
Ferskate bestellingen fan PostNL leine yn `e gong opsteapele, somstiden koene wy der amper lâns.
Mar we wiene der foar elkoar. Wat hiel bysûnder is hjoeddeis wert de buorlju mekoar net mear kenne.
It moat wenne…