Emosjoneel

Ik kom efkes ôfskie fan jo nimmen” seit se; “Ik bin er trije wike net. Ik fyn dat jo dat witte moatte.” Sûnt ùs ferhuzing hat sy my holpen mei de brij fan paperassen. Neat wie ha te folle en gjin fraach wie har te stom. Se is altyd bliid en op skik. We hawwe … Read more

Tsjerk

It is waarm, we hawwe de doarren tsjin elkoar iepen om mar in fleuchje sigen op te heinen. “Ik bin Tsjerk.” seit er en lûkt in stoel oan. “Kom er by.” sis ik mar dat is in oerstallige opmerking. Hy sit al de rollater deunoan. “Ik kom ùt Aldebiltsyl, sjoch. ik bin in Biltker.” “Befalt … Read more

Ik bin dy ik bin …

Do moast dy oanpasse.” sei men gauris tsjin my do ik jong wie; “Wolst sto wat wurde yn  it libben, dan moast leare.” Ik dy alles om it eltsenien nei it sin te meitsjen en te dwaan wat er fan my ferwachte waard. Min moast mei dwaan kinne, sawol op it sosjale as op it … Read more

Ferwachtings

Jo witte pas as er wat bard yn jo libben wat jo oan de minsken om jo hinne hawwe. As it falt jo fan immen wert jo it krekt fan ferwachten tsjin. Jo betinke fan alles om it foar har as him op te nimmen. ‘Se sille wol mei fekânsje weze’, sis ik tsjin mysels. … Read more

Ik bin in …

Frjemd, hè? Minsken freegje my faak: “Wer kom jo wei?” Steefêst sis ik; “Ût Âldeboarn.” It frjemde is: we hawwe fuort en daliks kontakt. Wat is dat dochs? freegje ik my sels ôf. Wy hawwe sechstich jier op It Fean wenne mar gek genoch telt dat net mear; der is gjin werkennen. We hawwe der … Read more

>