Beheindens
“Hoe gaat het met u?” freget se. Grut en lang fan postuer, net unkreas stiet se foar my. Ik wol har antwurdzje mar se sjocht my ofwêzich oan, draait har om en rint fuort. Ik bestean net mear foar har. Ik wol har efterrnei gean en wol kontakt mar se is yn har eigen wrâld … Read more
Tiden hawwe tiden
Ùt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; “Wat soe dat betsjutte… ‘ùt neat ûntstien?’” Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske. “Us … Read more
Feilich fiele
Ik ha in eigen plakje wert ik my mysels wêze kin. Dat gefoel hie ik eartiids al doe ik lyts wie. Dan siet ik under it plusentafelskleed dat rikte oant `e grûn ta. Der fielde ik my feilich foar strûnders sa als myn bruorren Ik wis, der kamen se nèt de skonken fan myn âlders … Read more
Freonskip
“Kinst my helpe?” seit er wanhopich tsjin myn man. Wy sitte oan it middeismiel. Hy is op de bank delsige en is syn rie ten ein. Hy hat in bedriuw yn boere-ark. Myn man en hy binne beide ûndernimmers en derby goeie freonen. Se beprate in protte tegearre en bertrouwe mekoar. Se witte fan mekoar … Read more
Swier waar
Myn buorman en ik sitte ûnder in golfplaten ôfdak. Myn man is yn `e hûs gien; it gong him te rûch. De hûn is nei boppen flein en hat in plakje ûnder in dûnstekken socht. Wy sitte bûten en binne oan it filosefierjen. De tonger boldert om ùs hinne en it rioel kin it net … Read more
De beamgrins
‘Wat wenje jim hjir moai.“, sis ik fol bewûndering tsjin goed kunde. Grutsk litte se my hun appartemint sjen. Fan twa flats is ien grutte romte makke. En dan it ùtsicht… der fal ik hielendal foar. Trije heech (“Wy woene net heger as de beamgrins. We wolle de seizoenen meimeitsje.”). En dan noch it ùtsicht … Read more
Hoe fier giet myn Frysk ?
“Kom fierder.” sis ik tsjin de man dy `t by de doar stiet. It is de elektrisien; hy komt foar in pear stikkene stopkontakten. Okkerdeis ha ik de hierbaas troch in e-mail witte litten as sy dat reparearje koene. “Ik kon uw mail niet lezen dus ik weet niet waar het over gaat.” seit er. … Read more