Hingâlderen

Midden yn it sintrum fan `e stêd bliuw ik stean; de accu is leech. “Wat nò?” freegje ik my ôf. It swit brekt my oan alle kanten ùt. It ding is te lomp en te lôch om oan kant te setten. Dan komme er in pear manlju -al op jierren- by my stean. “Dat dogge wy … Read more

Ylùzje

Ùt de fierte stiet hy al te weauwen en ik swaai ùtbundich werom. In neef fan myn manskant komt sa no en dan es oer. En dan ha wy altyd in tige slagge dei en fine dan ek fan alles ùt. Sa as nei it Frysk Museum en it âlde diel fan de stêd Ljouwert … Read more

Mistrouwen

Alle dagen hear ik myn buorman mei syn bosk kaaien ratteljen. Moat hy foar hûs gers meane dan komme de doaren op slot. “Wêrom dochst dat? ” freegje ik him. “Jo kinne hjoed-de-dei nimmen mear fertrouwe.” seit er. “Komst om in bakje kofje!” rop ik dan en steefest komt alles op slot. Ùs soan warskôge;“Nim gjin bûtenlânske klusjemannen … Read more

Te keap

Oeral om ùs hinne steane buorden yn de tùn: ‘Te Koop’ (as by Friezen dy hun net ferbrekke wolle; ‘Te Keap’). As ik mei de hûn de buorren yn gean stiet hast yn elke tùn in boerd. It komt my foar dat elkenien genoch hat fan syn omjouwing. Se hawwe lang wachtsje moatten want se koene … Read more

Tariedingen

“Hat mem als es nei tocht hoe jimme it ha wolle?” freget de soan. “Wat bedoelst sto?” sis ik. Ik ha wol in fermoeden wert er hinne wol. In oardsje allyn begong er der ek al es oer. “Kremearre as begrave.” seit er. Koartlyn hie hy nei in kremaasje west fan in freon. Dat hie him noch al … Read more

Oerstreame

“Wer sille jimme hinne?” freegje ik de buorman. “Wy gean nei Italië mei de caravan.” seit er. In oare buorman giet mei de hiele húshâlding nei Frankryk. In buorfamke fierderop giet nei Eastenryk. Al wiken komt de iene nei de oare caravan it parkearterrein opriden. Stik foar stik wurde se neisjoen en test op bannen … Read more

Ferrekte sear

“Hy hat my ferrekte sear dien.” seit er. Ik stean by myn freon, de Spjirrebeam. “Hoe no?” sis ik. Hy sjocht er ûnwanmoedich ùt. Ja, sis mar oant syn woartels ta kwetst. “Wat is er oan de hân? Fertel it my no mar. Do kinst my dochs alles fertelle.” sis ik. Hy seit neat. Mar troch … Read more

Oanhelje

Mei in protte leven giet de belle oer. Der stiet in lyts famke op de stûpe. It is ùs buorfamke fan sawat fjouwer jier. Leaf sjocht se der ùt; in ros jurkje mei bypassende skuontsjes. “Mag ik even binnen komen?” freget se. “Wit dyn heit datsto hjir biste?” freegje ik har. “Ja hoor, ik heb … Read more

Oanklauwt

Ik ha in nije kompjûter. ‘Prachtich‘ sille jimme sizze. Dat is ek sa mar alle programma’s ùt de âlde PC moasten oer set wurde yn de nije. Dat wie net san poepetoer mar de Fryske oersetting… dat wòl. En der sûnder kin ik net. Foar myn eigen blog Tidenhawwetiden.nl ha ik him nedich en mei … Read more

Skoetmobyl

“Moatte jimme es sjen.” Entûsjast komt de soan om `e hoeke fan`t hûs. “Wy hawwe in kado foar jimme beide.” Ta myn grutte argewaasje sjoch ik in skoetmobyl stean. “Foar ùs?” kin ik er noch krêkt ùtbringe. “Ja,” seit er; “we woene it jimme wat nofliker meitsje. It rinnen wurd wat dreech foar jimme.”  “Ja mar,” sis … Read more

>