Heite- & Memmedei

Komst efkes om in bakje?” freegje ik oan myn freondinne. “Nè,” seit se; “myn soan hat Heitedei.” “Mar dan is hy dochs thùs?” freegje ik. “Dat is`t him no. Dan wol hy dat ik him assitearje by de bern.” “Wannear hast dan wol tiid?” “Nò eiglik nea. Ûs dagen binne beset. Myn skoandochter is lùzemem wurden en … Read more

Lit him no mar

Lit him no mar.” seit syn heit. De soan sil wer fleane  en wol yn Colombia.

Hy is in enthousiast Paraglider. Oerâl op de wrâld hat hy flein. Yn it deistich libben is hy skipper en fertsjinnet syn brea op it wetter. Mar syn grutte hobby, dat is fleanen. Sa gau as hy kin is hy fuort. De reizen binne al fier foarùt boeke.

Hy  sil no nei in lân wat in prachtige natûr hat. In lân mei bergen en in freonlike befolking.
“Hoe fynt mem dIt?” freget er. Hij stiet foar my en lit grutsk syn fleantenue sjen.

In grutte helm wurdt opset mei in hiel aparte bril. Mar ek in stuoltsje mei in soart touwen, gespen en riemen.

“Der is in hiele grutte brêge ynstoart.” sis ik; “der wiene hiel wat deaden en ferwûningen.”

“Der is ek noch al wat korrupsje yn it lân.” gean ik fierder. “Dy is oerâl op de wrâld, mem!”

Werom giet er no net nei de hunebêdden fan Drinte as de offâlbulten fan Omrin?

“Lit him no mar.” seit syn heit.


Read more

>