In fyn it in goed beslut, myn man dêrtsjinoer fynt fan net. En sa binne wy op de iere moarn oan it diskusearjen en wurde it net iens.
Ik moat earlik sizze; ik hâld fan folkslieten. Foaral fan it Fryske. As er wer in kampioen fan Fryslân op it podium stiet en ùs folksliet wurd song, hâld ik it net droech.
Mar ek as it Wilhelmus earne op de wrâld klinkt bin ik djip rekke.
It komt fan ùt de oarloch, tink ik.
Ek op skoalle learden wy it folksliet, lokkich twa kûpletten en net alle fyftsjen. We hiene in master dy der neist ùs ek it Fryske Folksliet learde. En as ien it goed opsizze koe dy krige in moai skrift mei pompeblêden der op.
Eltsenien jong en âld moat it kinne. It heard by ùs bestean. ûs Frysk en Nederlanner wezen.
Derom sa lyts mooglik begjinne!
Folkslieten.