“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”
It ferskil
Ik sil myn freondinne efkes skilje. Freegje hoe it mei har is. Wy binne like âld en kinne inoar al fan ôf ús trouwen. It wie myn hertsfreondinne troch de jierren hinne. Sy krigen soannen en wy ek. Har man kaam te ferstjerren, en ek ik moast myn man loslitte. Sy en ik waarden âlder en gongen … Read more
Mei de taksy
Binne jo kristen?”, freget de sjauffeur oer syn skouder. Ik bin der net op beret en sykje om in antwurd. Ik bin 0p reis nei myn soan en sit efteryn yn de taksy. Of eigenliks yn in auto mei sjauffeur fan Valys, dy giet wat fierder dan de gewoane taksy. Op de hinnereis hie ik … Read more
Toskedokter
Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moed opjûn. Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle. As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting by de doarpskapper! Der sieten … Read more
Werom sjen (2)
It is wer safier: in nij jier stiet 0p de libbensdoar te klopjen. Ik wol net oan dat stomme gedoch -werom sjen- meidwaan. It jout ús neat, it jier is foarby, jo kinne er ommers neat oan feroarje en it is sûnde fan jo enerzjy. En dochs dogge jo er oan mei… efteromsjen. Somtiden wie … Read more